- 29 - Vraag 58. Mefrou A. Ziilstra seit dat hja fan betinken is dat it fuortset ûnderwiis yn ús gemeente tige wichtich is. Om it hjir te hâlden moatte wy wol alert bliuwe. Hjirby moat net allinne fearn wurde op it oerlis mei direkteuren mar moat ek yn'e 3e ôfdieling in belied opsteld wurde. Dit liket wethâlder Bloem in goede saak. Vraag 59. Mefrou S. Ziilstra seit dat de WIO-maatregel wol in goede saak liket. Jonge wurkleaze learkrêften kinne arbeidsûnderfining opdwaan. Mar wat docht bliken as jo jo goed ferdjippe yn'e WIO- maatregel? De WlO'er wurdt neist wurkgelegenheid brûkt as in ferplichte ferfangingsmaatregelDe WlO'er wurdt as it wiere in fleanende hin as er op ferskate skoallen ynspringe moat. De fraach bliuwt dan ek wat jo sa'n learkrêft dan wol leare as oanbiede kinne. No is der in fêste, fertrouwde ferfanger op skoalle en dy soe dan thús bliuwe moatte. Wat in ûnrêst wurdt hjirtroch wer yn'e skoalle helle. Hja kin dan ek skoan begripe, dat guon skoallen net oan'e WIO-maatregel meidwaan wolle. Wethâlder Bloem seit dat it yndied problematysk is trochdat der twa komponenten, nammentlik wurkgelegenheid en ferfangingsmaat regel, ynsitte. It is net sa maklik om mei twa fuotten yn ien hoas te sitten, sa is dat hjir ek. Dizze twa saken binne eins net te kombinearjen. It jout ek in protte ûnrêst yn'e skoalle. It amtlik apparaat moat him ek behoarlik lang mei dit soarte aangelegenheden dwaande hâlde. De reden dat der mooglik wol op ynsketten wurdt hat te krijen mei it wurkgelegenheidsaspekt. As it mooglik is sûnder al te folie ûnrêst, gebrûk meitsje te kinnen fan dizze WIO-maatregel, dan moat dat wol dien wurde. Mar dan wol op in wize dy't it kolleezje en de skoallen oanstiet. Vraag 60. De hear GBouma seit dat de foarsitter niis krekt sein hat dat de rekreaasje de earste boarne fan ynkommen yn ús gemeente is en dat it fan it grutste belang is dat de gemeente de rekreative belangen behertigd. Dat foarôf. It kolleezje hat it twadde diel fan'e fraach net beanderje kind, omt der noch gjin berjocht fan it bestjoer ûntfongen is. Hy fynt dy saken mei elkoar yn tsjinstriid, want as jo jo derfan bewust binne dat rekreative belangen fan libbensbelang foar ús gemeente binne, dan moat dat genôch oanlieding wêze dat de gemeente it ynisjatyf nimt nei it bestjoer fan Yn'e Lijte ta. Temear ek omt by ferkeap fan in part de statuten fan'e stifting feroare wurde moatte. De gemeenterie moat by eintsjebeslút dy statuten goed- karre. Om dy reden mei der wol in tige aktive rol fan it kol leezje frege wurde. Dan de tredde jachthavenkolk, dy't no wer op't aljemint kaam is. Hy kin der frede mei hawwe, dat op dizze wize it ynisjatyf troch de earste ôfdieling nommen is. Hy hat dan ek in soad ferwach- tings fan it oerlis op 30 novimber. Foardat de rie ree is it stikje grûn der te ferkeapjen, is it kolleezje ek fan doel dat stikje grûn ris te besjen yn it totaalkader fan in rekreatyf projekt, om foar te kommen dat in yn'e takomst te ferwachtsjen sitewaasje op slot setten wurdt. 0026V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 31