- 30 - Hy freget it kolleezje dat te ûndersykjen yn relaasje mei it petear op 30 novimber, dat hy perfoarst net frustrearje wol. De hear Van der Baan hat him dêroer fernuvere, dat de tredde jachthavenkolk wêr yn'e diskusje komt omt der neffens him gjin nije aspekten foar de gemeente oan fêstsitte. Barder is de tredde jachthavenkolk ôfwiist omt der noch in hiele protte frije lisplakken wienen. Hy tinkt dat it no, yn it ramt fan it sanearringsbelied ek net nedich is dat der in nije jachthaven komt. Dat soe wolris yn it neidiel fan under oaren Warten wêze kinne. Ek as it bedriuwslibben wol dat der in tredde kolk bykomt, kostet it grif in protte tiid en jild fan ús gemeente. Lit it bedriuwslibben harren dêrmei redde en lit de gemeente der mei syn hannen Sfbliuwe. Wethêlder Breeuwsma seit dat op in meidieling fan it bestjoer fan Yn'e Lij te sein is dat by mooglike ferkeap de kontenuïteit garandearre wêze moat en dat der in goed sosjaal plan achter- lizze moat. Der is oant no ta net in grutte foardering west. Hy kin him wol fine yn'e gedachte fan de heer Bouma dat der hoeden mei de ferkeap fan grûn omgien wurde moat en dat it foaral yn it hiele rekréative ramt besjoen wurde moat. Foardat de ferkeap festere foarmen oannimt sil der yn elts gefal in diskusje yn'e ôfdieling wêze. It is oer it generaal sa dat as de gemeente him der mei bemuoit dan binne de risseltaten faak net sa goed. Hy seit dit nei oan- lieding fan de opmerking fan de hear Van der Baan dat de gemeente him eins net dwaande hâl de moat mei wat it bedriuwslibben mei in tredde jachthavenkolk wol. Mar ûnder druk fan it lisplakkenbelied sil der dochs wat dien wurde moatte. Ek al om't oars de minsken te fier yn harren rjocht oantaast wurde as men yn in oar plak syn boat lizze moat. De hear G. Bouma is net tefreden oer it antwurd. Syn yngong is it feit dat de rekréaasje it measte ynkommen yn ús gemeente opsmyt en in takomst mei in oerfloed oan frije tiid. It belang fan goede rekréative foarsjennings wurdt dus allinne mar grutef. Hy hat besocht dúdlik te meitsjen dat it fan belang is dat de gemeente op dit mêd in grutte taak hat en dat de gemeente dêrom ik aktyf belied fiere moat. Syn ynljochtingen by it amtlik apoparaat sizze dat by gedeelt- like ferkeap de rie syn goedkarring jaan moat oan'e statuten. Hy fynt dat it gemeentebestjoer nei it bestjoer fan Yn'e Lijte tagean moat en útlizze wat de ynhêld fan de twa betingsten, de kontinuïteit en it sosjaal plan, is. Hokker kontinuïteit wurdt eins bedoeld as Yn'e Lijte foar in part ferkocht wurdt? Hy hat soarch oer dizze ûntjouwing om't hy wit dat it part dat ferkocht wurde sil te lyts is om der ynteressante dingen mei dwaan te kinnen foar it rekréatyf barren. Hy fynt dat it plan ta ferkeap besjoen wurde moat yn gearhing mei it plan om te kommen ta in tredde jachthavenkolk. In heal jier ferlyn hat hy fragen steld oer Yn'e Lijte en dêr is neat mei dien. Undertusken is hy wol beneiere troch meardere potinsjele keapers dy't op dat stuit net meidwaan koene yn'e ûnderhannelingen. De earste ûnderhanneling mei de behearder is ôfrûn mar der hat oant no ta noch net in advertinsje yn'e krante stien. Mevrouw Aukes heeft ook de ervaring gehad dat belangstellenden haar hebben gebeld over hoe het komt met de verkoop van Yn'e Lijte. 0026V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 32