- 31 - Zij heeft zeer sterk het gevoel dat de boel op slot is gezet. Wethâlder Breeuwsma seit dat it altyten sa west hat dat Yn'e Lijte in belied fierde dat posityf wie yn it ramt fan it rekréa- tyf barren yn dat gebied. Hy is it mei de hear Bouma iens dat der faak folie mear barre moat om de kontinuïteit fan foarsjennings te garandearjen. Der moatte meastentiids grutte ynvestearrings dien wurde. Hy tinkt dat dêrom de tredde jachthavenkolk der earder net kaam is. Hy tinkt dat de gemeente him stimulearjend dwaande hâlde moat yn gearwurking mei ynstânsjes dy't de rekréaasje subsidiearje. In statutewiziging is formeel net nedich. It bestjoer fan Yn'e Lijte hat seis sein dat de gemeenterie ferkeap goedkarre moat. It bestjoer hat dat sein mei út histoaryske oerwagings. Der binne miskien wol in protte belangstellenden foar de keap mar it is wol sa dat de finansiering fan sa'n keap faak tige dreech sit. Men moat sa'n 30 as 40 persint seis opbringe. De hear Bethlehem soe graach wolle dat de gemeente der achter- oangiet dat de ûnderhannelingen mei potinsjele keapers wat better ferrinne kinne. Vraag 61. De hear Nieuwdam seit dat der ûnfoldwaande dúdlikheid is oer de mooglikheden dy't der binne. Binne dat ferkeap as ferhier as miskien wol allebeide? Wethalder Breeuwsma seit dat der nochris in briefke hinnegien is dat de mooglikheid fan keap foar de agrarische wearde it út- gongspunt is. Vraag 62. De hear Van der Baan fynt dat it handiger west wie dat op it momint fan oanlis deroer praten wie wat no eins de bedoeling mei de stegers wie. No is der earst in protte oerheidsjild yngien en as it klear is wurdt it privatisearre. Wethalder Breeuwsma seit dat jo eins alles fan te foar ren witte moasten. It is yn elts gefal no wol sa dat de stegers yn oarder binne. As in partikulier de stegers opknappe wollen hie dan hie hy der gjin subsydzje foar krigen. De hear Van der Baan tinkt dat de plannen, as privatisearring dochs it doel wie, fêst goedkeaper útfierd wurden wiene. Wethalder Breeuwsma "de kost gaat voor de baat". It giet om in needsaaklike foarsjenning. Vraag 63. It spyt de hear G. Bouma dat it twadde diel fan'e fraach net oerkommen is. It gong om de fraach oft de post ek net suverder begrutte wurde moast sadat de oanfoljende leankosten fan de stegerwachter skieden wurde fan'e kosten fan'e eksploitaasje- bydrage stegers Pikmar. De voorzitter neemt kennis van deze vraag. Hij denkt dat dat administratief best te verwerken is. De voorzitter schorst om 16.20 uur de vergadering voor een korte pauze. Hij heropent de vergadering om 16.40 uur. 0026V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 33