- 33 - Zij heeft gehoord dat er sinds kort energiebesparingsconsulenten bij de provincie werkzaam zijn en denkt dat door gebruik van deze mensen te maken er veel efficiënter en goedkoper gewerkt kan worden. De voorzitter zegt dat het nooit de bedoeling is geweest dat de energiecoördinator voor het project Deersum ingezet zou worden. Bij het gasbedrijf zit ook wel een enegiebesparingsconsulent, maar daar is ook vorig jaar al van gezegd dat dat niet de juiste man zou zijn omdat hij maar zeer beperkt inzetbaar is voor onze gemeente. Hetzelfde geldt voor de provinciale consulenten. De voorzitter zegt dat er nu dan nog de actiepunten van WD en PVDA liggen en dat het zeer moeilijk zal zijn die in elkaar te schuiven. Hij stelt daarom voor dat ook FNP en CDA hun lijstje nog inleveren en dat er dan voor de decembervergadering aan de hand van een puntenwaarderingssysteem een volgorde opgemaakt wordt. De raad gaat hiermee accoord. Voorstellen met betrekkina tot diverse belastingen en retri buties Mefrou Faber seit dat it hast net te fermijen is belêstings te ferheegjen om de begrutting slutend te krijgen, hoewol't it útgongspunt is en wêze moat dat de boargers sa min mooglik belêste wurde. De hear Van der Bosch wol wat sizze oer de punten f en h. Hy seit dat der neffens him twa drukken fan it útstel binne. Yn'e earste druk wie in stik tekst weifallen. Yn'e riedsgear- komste fan 21 july 1987 hat de rie besletten de ekstra winst fan it gasbedriuw net út te kearen mar te brûken foar de dekking fan de wyt-pvc-leidingen. De jierlikse ynvestearring soe 335.000,wêze foar 5 jier. De mearwinst yn 1985 wie 973.000,minus de raamde winst fan 535.000,Dat betsjut dat der in ekstra winst fan 438.700,oer is. Hy hat ynformearre by gasbedriuwen hoelang de libbensdoer wêze sil fan de wyt-pvc-leidingen. Men sei 10 jier minimaal. Dat soe dan ynhêlde kinne dat de ynvestearring foar it earste jier oer 10 jier útsmard wurde kinne soe. Op basis fan 7%% rinte jout dat in jierlikse lést fan 50.000, As dat bedrach fan'e oerwinst van 1986 êflutsen wurdt, bliuwt der noch 388.000, oerwinst oer. Op dizze dize kin der in winstreserve ûntstean, trochdat ús ynwenners as gefolch fan in flinke winter gâns wat gas ferstoke. Werom nei de gemeentebegrutting foar 1988, dy't net slutend is. It liket derop, dat de ynwenners troch in ferheging fan'e û.g.-belêsting dit gat tichtsje moatte en dat wylst der troch de gaswinst in reserve foarme is. Al in tal jierren falie dizze gaswinsten ta en dêrom stelt hy út it beslút fan 20 oktober 1987 oan te passen troch 125.000,fan'e gaswinst 1986 út te kearen oan'e gemeente. Dêrnêst dat de winstútkearing oan'e gemeente foar 1988 mei 125.000,ferhege wurdt. Op dizze wize hoecht de ferheging fan'e û.g.-belêsting net troch te gean. Der ûntstiet hjirtroch ek finansjele romte om de earste ferheging fan'e offalstoffen- heffing net trochgean te litten. De V.V.D. is fan miening, dat de ferheging fan'e winstútkearing ferantwurde is. Opluke ta it gemiddelde persintaasje fan'e rûsde mearwinst fan 25 30 per sint is dan ek wol te ferantwurdzjen. 0026V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 35