- 2 - Hja hawwe besocht de reorganiaasje nochtern te besjen, mei oan'e iene kant de jildmiddels en oan'e oare kant de needsaaklike tarissing. In tarissing, nedich foar de útfiering fan ien fan de earste taakstellingen fan'e brânwar, nammentlik it help jaan by libbensbedriigjende omstannichheden by brân mar net minder by ûngemakken oan ynwenners en oan passanten. Hy wiist derby noch mar ris op it spoar, de rykswei en it PM-kanaal. Sifers fan ús kommandant jouwe oan dat oer de léste fjouwer jier rekkene der trochsneed yn it jier 33 kear brân is en dat der 14 kear help by ûngemakken ferliend wurde moat. Der hat him de leste jierren gjin inkelde brân foardien mei direkt gefaar foar libbens, wylst by de helpferliening by ûngemakken meastentiids wol libbens yn gefaar wiene. Dat jout wol oan dat der ek in protte omtinken jûn wurde moat oan'e earste helpferliening. Dit hâldt neffens him yn dat oan wjerskanten fan it PM-kanaal yn elts gefal yn Grou en Akkrum in folslein tarist korps wêze moat. Grou sil dus op koarte termyn in materiaal- en personielswein hawwe moatte. Akkrum moat ek goede helpmiddels hawwe om't in brêge iepenstean kin en in tunnel ferstoppe reitsje kin. In bettere blusmooglik- heid op it wetter is foar Akkrum ek wis nedich. In goede blus- auto foar Raard fan wêrút 7 doarpen bestjinne wurde moatte kin en wolle hja ek net omhinne. Ynvestearrings dy't boppesteande mooglik meitsje steane hja folslein achter, se wurde seis easke. Soks fanút de ferantwurd- likens foar alle ynwenners fan Boarnsterhim. Boppesteande is allinnich te realisearjen as it korps fan Boarn opdûkt wurdt. Hja akseptearje dan ek in lytse ferheging fan it risiko foar de Boarnsters yn it belang fan alle oaren dy't ôfhinklik binne fan in goed tariste brânwar. Wa't fynt dat it net ferantwurde is en dûk de brânwar fan Alde- boarn op seit fuortendaliks dat Warten ek wer in korps hawwe moat om't dêr in opkomsttiid jildt dy't noch folie grutter is. Neifraach hat lykswols leard dat it lytste korps 55.000,op jierbasis kostet en dat is ien fan de grutste tûkelteammen foar in optimale oplossing. It útstel fan'e minderheid fan it kolleezje om earst mar ris pipers te keapjen, sjocht hy as in suertsje by de boadskippen, om't dat gjin inkeld sicht jout op in strukturele oplossing dêr't hjirboppe de needsaak fan oanjûn is. Ek oplossings om yn de rin fan takommene jier hjir as dêr wat wei te klauwen en te gokken op ûnfoarsjoen binne gjin oplossings. In echte oplossing soe wêze kinne in ferheging fan'e belêsting en dan mei nammen de ûnreplik guodbelêsting. Ek dêr geane hja net yn mei. Men komt al gau op in persint as tri je en dat is yn ridlikens net te freegjen fan al ús ynwenners. Sa'n ferheging fan'e û.g.-belêsting soe boppedat alle rek út de mooglikheden helje om't we al in ein nei de hûndert persint ûnderweis binne. Els wit ek dat we yn'e takomst dy rek noch wolris bitter nedich hawwe kinne. Hja bliuwe fjouwerkant achter it útstel fan'e mear- derheid fan it kolleezje stean om't it sjoen de mooglikheden de béste fertaling jout fan de ferantwurdlikens foar alle minsken op it grûngebiet fan Boarnsterhim. Mevrouw Aukes zal, omdat het niet de eerste keer is, de argumen tatie kort houden. De hoofdzaak is en blijft de veiligheid, niet alleen voor 01de- boorn maar voor de gehele gemeente. Voor een deel van het college is op dit moment het financiële belangrijker. 0027V 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 41