- 5 - Seis al soe de û.g.-belêsting derfoar omheech moatte dan soe hy der net foar weromstappe. Hy hat der bewûndering foar dat de WD besocht hat dekking oan te jaan, om't it net om in nije saak giet mar om in besteand korps Hy fynt dat hy as minderheid dat wol dwaan moat. Hy is it der ek mei iens dat de 12.000,út'e meifaller foar 1988 helle wurdt foar de helpferlieningstaak. Dy taak komt op ús ôf, mar sit lykas mear saken yn'e útkearing út it gemeentefûns Boarnsterhim jout gemiddeld 17,50 de ynwenner oan'e brânwar út wylst it lênlik trochsneed 22,is. Hy seit it wat bot: earst ús plichten, dan ús aardichheden. Hy fynt dat hy syn ferantwurdlikheid wol nimt foar in finansjele dekking. Hy is it net mei Van der Baan iens dat de dekking foar 1988 net foldwaande is. As it moat soe hy derfoar wêze de û.g.- belêsting te ferheegjen as de brênwar net mear draaie kin, mar foar 1989 komt der in nije begrutting dêr't alle prioriteiten wer op in rychje setten wurde moatte en dan is de brênwar foar him noch like wichtich. Dan sil der socht wurde om romte. As it moat, moat ek de û.g.-belêsting omheech mar as der, sa as no it gefal is, noch romte yn ûnfoarsjoen is is dat net nedich. De pipers binne dan ôfskreaun, de brênwarauto fan Raard stiet yn'e begrutting en de oare blusauto's steane allegearre op annuïteit. De hear Renia: wolle, kinne, moatte. Neffens syn fraksje moat de rie de ferantwurdlikheid nimme foar de hiele gemeente. As dan ek noch de ferantwurdlikheid foar in diel fan de gemeente nommen wurde moat, dan moat dat ek kinne. Hy tinkt, mei de hear Van der Baan, dat as de brênwar fan Alde- boarn no noch in jier op priemmen halden wurdt, dat de Boarn- sters dan bliid makke wurde mei in deade mosk. De hear Bethlehem seit dat de WD wol dúdlik de finansjele dek king oanjûn hat dêr't hy achter stean kin. De begrutting 1989 wurdt lykwols yn 1988 makke. It giet om in bedrach fan 60.000,it jier, hoewol't der ek noch wol óan twifele is. Hy fynt it wol spitich dat de wethâlder it lyts gemysk ôffal der by helle hat. Mevrouw Aukes vraagt of het niet verstandig zou zijn het meer- derheidsvoorstel eerst in stemming te brengen, omdat dat het meest vergaande voorstel is. Mochten de 4 korpsen blijven be staan dan kan dan het voorstel van de WD over de financiële dekking behandeld worden. De FNP doet nu wel voorkomen dat de o.g.b. omhoog moet, maar de WD wil wat anders. Bij de begrotingsvergadering heeft de raad, uitgezonderd de WD-fractie, ook al de o.g.b. gebruikt om de begroting sluitend te maken. Niemand is kennelijk op het idee gekomen dat de overvloedige gaswinst ook aangewend zou kunnen worden voor de brandweer. Het lijkt nu net of de o.g.b. gebruikt kan worden als Haarlemmer olie. De hear Van der Baan seit dat dizze rie, mei útsûndering fan de FNP, yn 1985 in gat falie litten hat fan 430.000, Dêrfan is sein dat der gjin dekking foar is en der is keazen foar in ofskriuwing yn 25 jier, yn striid mei de behearsoardering. Der is dus gjin jild. It lyts gemysjk ôffal komt ek wol in belestingferheging fan. Ek de wethâlder hat sjen kind hoe grut it tekoart yn 1985 wie. Der is dus jild, miskien wol fan'e brânwar, brûkt foar in dekking yn'e gewoane tsjinst. 0027V 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 44