- 14 - Yn'e takomst moat der nei tawurke wurde dat dit sa folslein mooglik bart. Op dit moment kinne wy it noch net foar hûndert persint yn'e praktyk bringe, foar in part omt noch ûndersocht wurde moat hoe't wy sa effisjent mooglik, foar in ridlike priis de saneamde wiete en drûge fraksje ynsammele moatte en foar in part ek omt de O.L.A.F. it oanbeane ôffal op dizze wize noch net ferwurkje kin. Troch it opheljen fan skilen en it stimulearjen fan it gebrûk meitsjen fan'e kompostbak wurdt der dochs op dit mêd al hiel wat dien. Wat no bart moat hanthavene bliuwe. Mei dit útstel wurdt it útwreide mei it K.C.A. en dat is in goede saak. Wat hja in stap tebek fynt yn it útstel is it net ynsammeljen fan it lânbou- plastyk. Der moat yn'e kommende tiid ek neitocht wurde oer de rol fan'e kompostbak. Dizze direkte foarm fan recycling moat foar de boarger oantrek- lik bliuwe. It skieden ynsammeljen oan'e boarne is net ekonomysk ferantwurde. Dat betsjut dat der in hegere bydrage frege wurde moat fan'e ynwenners. Maatskiplik is it wol ferantwurde. In goede foarljochting is hjirby wol wichtich om oan te jaan dat it giet om in goed stik miljeubelied. De hear S. Bouma is it ek iens mei de doelstelling. Hy makket lykwols in krityske kanttekening. Hy tinkt dat de finansjele konsekwinsjes fan'e dielnota skieden ynsammeljen net samar akseptearre wurde sille, benammen net troch de minsken dy't in kompostbak hawwe. Foar harren is de ferheging like grut as foar de oaren, dy't miskien net iens sa achter it skieden ynsammeljen steane. Hy fynt dat der kritysk nei de finansjele kant sjoen wurde moat. De hear Van der Baan fynt it net nedich no nochris allerhande saken, dy't ek al yn'e ôfdieling oan'e oarder west binne te be praten. Hy fynt it in plan by útstek. Ien lyts puntsje dat him wat fer- nuvert en dat is de oanpak fan it opheljen fan lênbouplastyk. De hear Dotincra giet akkoart mei dit plan. Wethouder Poppen is blij dat de raad de doelstelling van het G.A.P. steunt. Hij zegt dat de mogelijkheden van het ophalen van landbouw plastic worden onderzocht en dat er naar gestreefd wordt in maart/mei weer wat te gaan doen. Hierover wordt overlegd met de kritekommisje. Het gebruik van de compostbak moet gestimuleerd worden. Er zitten in het G.A.P. zaken waarvan de financiële consequenties nog niet precies te overzien zijn. Een aantal zaken moet nader worden onderzocht. Per activiteit zal het college met een voorstel komen waarin ook de financiële gegevens zullen worden gezet. Zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. Voorstel tot het gescheiden inzamelen van alas. papier, schil len. metaal, textiel en K.C.A. in eigen beheer en een verhoging van de afvalstoffenheffing. Frou Faber seit dat de beliedsline no fêst stiet, mar yn it ferline is ek al mei dizze doelstelling wurke. Kringloop is yn gearwurking mei de gemeente begûn mei it skieden ynsammeljen. Elts hie der belang by èn op it mêd fan it miljeu foar de recycling én omt it minder tonnen hússmoargens opsmyt. Us ynwen ners hawwe der goed op ynspile. 0027V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 53