- 15 - Finansjeel wurdt it lykwols te swier en de finansjele ynjeksje fan't sinuner blykt lang net genôch te wezen. Boppedat sakje de grûnstofprizen. No moat dan de kar tusken Kringloop en ússels makke wurde. Wichtich derby is in earlike ferliking. Kwa ophel- systeem en komponenten dy't ynsammele wurde giet it op'e selde wize, allinne it ferwurkjen fan glês sil oars dien wurde. Hja tinkt dat de gemeente minder kwetsber is yn kwaliteit en konti- nuïteit fan it opheljen. Dêrneist is der foar Kringloop de ûnsekere faktor oer it weifallen fan'e wiete fraksje yn'e takomst. Finansjeel fait Kringloop 67.000,djoerder út. Yn'e ôfdielingsgearkomste hat it kolleezje har fraksje derfan oer- tsjûgje kind dat de berekkening goed is. It is ek wol begryplik dat Kringloop heger sit, sjoen de ynvestearrings yn under oare materiaal en húsfesting. De tariven fan'e ôffalstoffenheffing moatte by it wurkjen yn eigen behear mei 5% omheech, yn it oare gefal mei 15%. Har fraksje kiest, alles op in rychje settend, foar it wurkjen yn eigen behear mei derby de ferwachting en it betrouwen dat it goed oppakt wurdt. Har fraksje fynt dat we, tsjinoer de wurknimmers fan Kringloop in morele ferplichting hawwe. Hja wol graach witte hoe't it kol leezje dêr tsjinoer stiet. In goede oergong fan it iene nei it oare systeem is ek tige wichtich. Hooplik komt der in goede, dúdlike foarljochting. Hja hat wol de post foarljochting op'e berekkening mist. De hear S. Bouma seit dat hy saaklik besjoen foar 98% oertsjûge is. Kringloop seit dat de gemeente it oantal oeren wurk ûnder- skat hat en de opbringst kin mooglik leger wêze. As dat sa is, dan is in ferliking net sa goed mooglik. By de offerte fan it I.B.A. wurdt it lyts gemysk ôffal net mei- nommen. Ek dêrtroch ûntstiet in skeef byld. As jo it I.B.A. ek ris nei sa'n berekkening freegje soenen, dan kin it wol sa wêze dat de berekkenings elkoar net folie útmeitsje. Syn fraksje kiest dêrom foar it útbesteegjen oan in partikulier bedriuw. Hy tinkt dat yn'e rin fan'e jierren de kosten fan de gemeente sa oprinne dat úteinlik in partikulier bedriuw goedkeaper is. De hear Dotinaa fynt dat gemeentewurken in goede oanbieding dien hat. It is wol in skerpenien en hy sil dan ek de saken goed folgje. De hear Van der Baan seit dat der yn'e ôfdieling hiel djip op'e saak yngien is en dat der tige krityske fragen steld binne. De direkteur fan'e reinigingstsjinst hat him derfan oertsjûgje kind dat gemeentewurken it goedkeaper dwaan kin. Kringloop moast djoerder wurde omt hja oar materiaal hawwe moatte en ek omt de húsfesting oars moast, wylst de reinigingstsjinst it materiaal en de húsfesting al hat. Der moat wol keazen wurde foar gemeentewurken omt dan de konti- nuïteit better garandearre is. Hy hat de oertsjûging dat de wethêlder ek syn ferantwurdlikheid foar de minsken fan Kringloop serieus nimt. Hy wol noch wol kwyt dat hy al fanôf it begjin der foar yn'e pleit gien is dat gemeentewurken it yn eigen behear dwaan moast, sjoen de kontinuïteit en omt der gjin winst makke hoecht te wurden. Wethouder Poppen zegt dat zo hier en daar het idee leeft dat de gemeente een voordeel zou hebben ten aanzien van het materiaal en de huisvesting. Dat is pertinent niet waar. Alle kosten zijn in de begroting van gemeentewerken meegerekend. 0027V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 54