- 3 - Ek it Projekt Minsken Sûnder Wurk kin der by ynskeakele wurde. Nei de betingsten moat kritysk sjoen wurde. De ûntjouwing rûn de ferdûbeling fan de Rykswei 32 hat in positive ynfloed op de wurkgelegenheid yn ús gemeente. Bedriuwen strike del op it yndustryterrein fan Akkrum. In ûntjouwing dêr't wy wiis mei binne. Op sa koart mooglik ter- myn sille wy neigean moatte, of de oanlis fan in nij yndus tryterrein yn Grou needsaaklik is. In Grocreana by de Pikmar is wolkom! Om in gelykweardige posysje fan'e frou op de arbeidsmerk te krijen sil foar froulju mei bern in goede berne-opfang need saaklik wêze. Yn inkele gefallen is der sa'n mooglikheid by it wurk. Wy binne der o sa mei ynnaam, dat de gemeente as wurkjouwer it foarbyld jout en it kommende jier, yn'e kantineromte, dizze opfang mooglikheid neigean wol. Yn in protte gefallen is sa'n opfang net mooglik. Fandêr dat ús fraksje it nedich fynt neist dizze stimulans oare berne- opfang te ûndersykjen en te stypjen. By de prioriteitenlist komme wy der op werom. Milieu. Neist de wurkgelegenheid is der soarch yn ús fraksje oer ús miljeu. Dat is neat nijs en ek net uniek, want troch rampen wekker skodde is sa standichoan hast elts wol trochdrongen fan de needsaak dizze swierrichheden oan te pakken. As wy ticht by hûs begjinne. It is tige wichtich, dat wy ús foar 1988 útsprekke oer it skieden ynsammeljen fan ús hússmoargens, dudlikheid hawwe oer it fuortbestean fan Kringloop en dêrnêst it opheljen fan gemysk ôffal útfiere. Wy fine dat dit net langer wachtsje kin. In stap fierder fan hûs sjogge wy de swierrichheden run it fer wurkjen fan ús ôffal. Derby tinke wy oan de problemen run OLAF; Dat der noch noait dudlikheid is oer de wize fan ferwurkjen fan ús hússmoargens makket ús ûngerêst. Wy binne bang, dat troch tiidsneed twongen, der oplossingen socht wurde, dy't net ferantwurde binne. In oar punt is, mochten wij beslute ta it skieden sammeljen fan ús hússmoargens, de saneamde wiete en droege fraktie, dan is noch noait bekind of dit wol ferwurke wurde kin troch OLAF. Salang wy noch net definityf oansluten binne by de Regio Noard en gjin sit hawwe yn it OLAF-bestjoer, kinne wy lans dy wei ús lûd net hearre litte. Wy witte, dat it belied in ferantwurdlikheid fan de provinsje is. Wy freechje ús kolleezje ús soarch yn in brief oer te bringen. Yn july hawwe wy ús al útsprutsen oer it belang fan it miljeu- tafersjoch. By it fêststellen fan de prioriteitenlist komme wy der op werom. Solidariteit. It belied run frede en solidariteit is it léste jier útboud, sawol op finansjeel gebiet, as yn it lizzen fan kontakten. Dit hat laat ta in besite fan in tal minsken út de D.D.R.; Schwerin oan ús gemeente. 0026V 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 5