- 4 - Nei ús gedachte in slagge moeting. Yn in iepen sfear, werby alles besprekber wie, is der dis- kusjearre. Oer en wer is der útsprutsen, dat it belangryk is, dizze kontakten neier oan te heljen. Hooplik sjocht it kolleezje in mooglikheid yn'e takomst in tsjinbesite te bringen oan de D*D»R It belied run it opfangen fan asylsikers hat noch al betizing jûn. Wy binne der mei ynnommen, dat it kolleezje in positive oanpak hat. Dernêst binne der tal fan positive lûden ûnder ús ynwenners te hearren. Dat jout betrouwen foar de kommende tiid, as dizze flechtelingen yn ús fermidden binne. Utgongspunten fan it kolleezjebelied binne wurk en gelike kansen foar elts yn in sûn miljeu mei solidariteit oer grinzen hinne. Fandêr dat dizze punten sintraal steane yn'e skôgings. Der binne noch tal fan saken, dy't ús oandacht freegje. Yn't koart noch inkele réaksjes. De finansiering fan wenningwetwenten troch wenningbou- ferienings hat dit jier yn ús gemeente problemen jûn. De fierienings moatte no op de frije merk jild line, faaks tsjin hegere rinten. Us fraksje hat soargen oer it Ryksbelied, dat tagiet op in werkomluken fan ferantwurdelikheden yn'e sosjale wentebou. Wy komme mei in moasje oer dizze problematyk. It kolleezje jout yn harren oanbiedingsbrief oan, dat jin fan doel binne in nije belêsting yn te fieren, om't dermei de efterstân yn ûnderhâld by ús riolearrings oan te pakken. Sa pas hawwe wy al oanjûn hoe dreech it is nei draachkrêft belêstings te heffen. Dochs wolle wy graag dat dizze mooglik- heden ûndersocht wurde. - De Rykssubsydzje foar it sosjaal kultureel wurk is koarte. Lokkich hawwe wy dit yn't ferline opfange kinnen, sadat it frijwilligerswurk hjir trochgean kin. Swimme tsjin de stream yn. Foar 1988 is der in stikje jildlike romte frij makke om'tit âldereinwurk út te bouwen. Nest de gemeente is der in tal minsken mei dwaande dit belied fan de grûn te krijen. Wy binne bliid mei dizze opset en hoopje it kommende jier de earste resultaten te sjen. Oant no ta rinne wy der faak tsjinoan, dat in útspraak oer foarnommen belied net bard, om't it koppele wurdt oan de finansjele mooglikheden. As fraksje soene wy graach yn'e takomst dizze folchoarder omkeare wolle. Yn't algemien; earst jin útsprekke oer it belied en dan nei de mooglikheden fan útfiering sjen. Dit alles fansels besjoen fanút it reeële, mei oare wurden, beide fuotten op'e grûn. In foarbyld dêrfan is it belied Frysk. Wy stelle foar dizze nota út'e kast te heljen, moog likheden foar ynspraak te jaan en it belied dêrnei fêst stel le te litten troch de rie. Dêrnei kin besjoen wurde, yn it ljocht fan de finansjele mooglikheden, wat diel útfierd wurde kin. Foarsitter, ik wol ôfslute mei in wurd fan wurdearring nei ús ambtners ta. It is lang net maklik yn dizze ûnwisse tiid fan beheinde middels en reorganisaasje motivearre te bliuwen. It freget folie fan in minske. Net allinnich foar dit momint, mar foaral ek nei de takomst ta. 0026V 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 6