GEMEENTE BOARNSTERHIM 18. Utstel foar in tariedingsbeslút neffens kêst 21 fan de Wet op de Romtlike Oardering foar it bouplan foar de wurkpleats fan Gemeente- wurken oan de Oedsmawei yn Grou. Oan de gemeenteried. Grou, 8 jannewaris 1988. Healwei novimber 1987 is it bouplan foar it fergrutsjen en feroarjen fan de wurkpleats fan gemeentewurken oan de Oedsmawei yn Grou ree kommen foar it opstarten fan de boufergunningprosedure Op dit bouplan binne fan tapassing de foarskriften fan it bestim- mingsplan "Grouw-bedrijfsterrein"It bouplan foldocht net oan it foarskrift dat de ôfstân fan de bebouwing oan't de skieding fan it perseel net minder wêze mei as 2 meter. Om't it bouplan goed oanslút op de al bestimde loads fan de firma Langhout, en fierders om't troch de ferbining mei de besteande wurk pleats fan gemeentewurken op it perseel fan ien eigner bleaun wurdt, wurdt oan it belang fan it realisearjen fan de útwreiding fan de wurkpleats in grutter gewicht takend as oan it belang fan it hant- havenjen fan it bestimmingsplan. Wy binne fan doel de fergunning te ferlienen mei in "artikel-19-pro- sedure" oannimmende dat jimme ried it ferlienen fan frijstelling net seis dwaan wol (artikel 19, lid 3 fan de Wet op de Romtlike Oar dering). Foarôf moat wol in tariedingsbeslút neffens kêst 21 fan de Wet nommen wêze. Sjoen it foargeande stelle wy jimme ried út te ferklearjen dat foar it oanbelangjende perseel oan de Oedsmawei in (wiziging fan it) bestimmingsplan taret wurdt. In konsept-beslút leit by de riedsstikken op besjen. Boargemaster en wethâlders boppeneamd, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0024V 51

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 78