GEMEENTE BOARNSTERHIM 26. Utstel ta it ferlienen fan mei- wurking oan de Nij Djipskoalle foar oanpassen berging/stensil keamer. Oan de gemeenteried. Grou, 8 jannewaris 1988. Fan it bestjoer fan de Nij Djipskoalle is it fersyk ynkommen om meiwurking te ferlienen op grûn fan kêst 74 fan de Wet op it basisûnderwiis, foar it oanpassen fan de berging/stensilkeamer. It is de bedoeling om in stellaazje tsjin de efter- en sydwand fan de berging oan te bringen dêr't de stinselapparatuer op stean kin, en de mooglikheid jout ûnderhâldsspullen, apparatuer, papier ensfh. op te bergjen. Yn oerlis mei Gemeentewurken is keazen foar in systeemrail mei plankdragers, mei in breedte fan yn totaal 60 cm. De kosten, ynklusyf it montearjen wurde rûsd op 912,ynklusyf de b.t.w. De oanfraach foldocht oan de normale easken, sadat wy jim utstelle de meiwurking te ferlienen en in kredyt, grut 912,(dekking: kalamiteite-reserve) beskikber te stellen. Boargemaster en wethâlders boppeneamd, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0024V 24

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 93