- 3 -
Wat de knyppunten yn it trajekt Idaard - Reduzum oanbelanget, sjocht
it der nei út, dat de ferkearsûnfeiligens by Idaard yn 1991 fer-
bettere wêze sil.
Sa't it no stiet, sil dan ûnder Rykswei 32 (ferdûbeling Rykswei 32)
en de spoarwei-oergong in ferkearstunnel troch lizze.
Wat de knyppunten yn it trajekt Friens - Reduzum oangiet, sil de
ferkearsûnfeiligens by de Snitserhoeke nei alle gedachten yn 1991 ek
ferbettere wêze troch it oanlizzen fan in fytstunnel. De Snitser-
strjitwei (Sil) sil trochlutsen wurde nei Rykswei 32. Dat besjut dat
it ferkear troch Reduzum (Oeriselske strjitwei) ek gans fermindere
wêze sil (ferkear Snits-Ljouwert)
Op dit stuit giet it noch om 5 knyppunten, te witten:
1. Rykswei 32 (oerstekke by Idaard);
2. oerwei (oerstekke by Idaard);
3. Oeriselske strjitwei (oerstekke by Friens);
4. Snitserhoeke (by de Blauwe Tinte);
5. Oeriselske strjitwei (oerstekke yn Reduzum).
By útfiering fan de nije ferkearssitewaasjes sille de knyppunten 1,
2, 4 en 5 weinommen wêze. It oerstekken fan de Oeriselske strjitwei
by Friens nei it fytspaad en oarsom is (nei ús betinken) op himsels
net in bûtengewoane ferkearssitewaasje. Soksoarte sitewaasjes dogge
him oars yn'e gemeente ek wol foar.
Op grûn fan it boppesteande miene wy dat der wol reden is om de
gemeentlike bydrage yn te lûken, mar dat it momint werop, dúdliker
yn ferbên brocht wurde moat mei it weinimmen fan de ferkears-
ûnfeilige knyppunten.
Gearfetsjend stelle wy himme út om de bydrage yn'e kosten fan it
skoallebuske tusken Idaard/Friens en Reduzum yn te lûken mei yngong
fan it opleverjen fan de léste tunnel, lykas hjir foar beskreaun is
en fan dat beslút net allinne de skoallebuskekommisje yn Reduzum
op'e hichte te bringen, mar ek de persoanen en ynstênsjes, dy't in
beswierskrift yntsjinne ha tsjin ús brief fan 25 augustus 1987.
Sjoen de termyn en sjoen it effekt op de dekking fan de kosten fan
it buske, stelle wy fierder gjin êfbouregeling foar.
It konsept-reidsbeslút leit by de riedsstikken op besjen.
Boargemaster en wethêlders fan de gemeente Boarnsterhim,
de siktaris, de boargemaster,
P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.
0028V 73