-6- 8Voorstel tot wi-izicrina van de Verordening op de heffing van onroerend-aoedbelastinaen. De hear Van der Baan seit dat it foar him ûnbefredigjend bliuwt dat de eigeners fan wentewetwenten der 24,better fan wurde en de bewenners mar ƒ3, It is ek opmerklik dat ferline jier in ferheging mei 2% oankundige waard. De partikulier moat no wol 7% mear betelje. Hy fynt dat in doelútkearing, sa't de LONDO-útkearing is, net fertaald wurde mei nei de û.g.-belêsting mar dat de besunigings helle wurde moatte yn it ûnderwiis. Hy sil dêrom net meigean mei it útstel. De hear Van den Bosch seit dat it útstel him in tige positive yndruk jout. It docht bliken dat de taksearre wearden omheech brocht binne. Wentewetwenten bliuwe lyk, mar partikuliere wenten gean 10 oant 20 persint omheech. Statistieken fan'e N.V.M. jouwe oan dat de prizen fan partikuliere wenten fan 1983 oant 1987 mei 12% persint omheech gien binne. De boukosten fan wentewetwenten binne yn dyselde tiid mei 5% omheech gien. Dit alles jout him oanlieding te freegjen wêrom as de partikuliere wenten mei 20 persint omheech geane en wêrom de wentewetwenten lyk bliuwe. De hear G. Bouma seit dat it boekje "Het ABC van de o.g.b." moai oanslút by it útstel. It útstel ûnderstelt wol in goede foarkennis fan'e matearje en der koe it boekje goed by helpe. Hy freget yn dit ferbân dan ek om goede foarl jochting nei de boargers ta troch bygelyks in bysluter by it oanslachbiljet. It beslút fan ferline jier om de û.g.b. mei 1%% te ferheegjen wurdt yn dit stik net mear neamd. Ek de reden fan'e wertaksaasje hie yn it útstel stean moatten seker omt dat fan it meast yngrypende belang yn dit útstel is. Yn it sitaat út'e gearkomste fan novimber 1987 wurdt steld dat der rekken hélden wurdt mei de 14.000,yn ferbân mei de te ferwachtsjen frijskattings. Binne de bedragen dy't yn it útstel eksklusyf as ynklusyf dy 14.000, De ferheging fan'e û.g.b. hat neist de wertaksaasje ek te krijen mei de grutte jildpine yn ús gemeente benammen feroarsake troch de iene nei de oare tsjinfaller fanút it Haachske. Hy stiet net op it stênpunt fan de hear Van der Baan dat besuniging op'e LONDO-útkearing dan ek mar op it ûnderwiis ferhelle wurdt moat, om der gjin grutte brokken te krijen. As wy no net ynspylje op dizze tsjinfallers dan binne wy mei iepen eagen in grut tekoart op'e rekken fan 1988 oan it kreëarjen. Syn fraksje is it der ek mei iens dat dit útstel útfierd wurdt. Hy wol noch wol efkes opmerke dat de F.N.P. yn'e gearkomste fan novimber 1987 1% persint ferheging eins te leech fûn. It fernuvert him dan ek dat de hear Van der Baan no net akkoart giet mei it útstel. Wethouder Poppen zegt dat het voorstel inderdaad voorkennis verondersteld. 0031V 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 11