-8- Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. De heer Van der Baan wil geacht te worden te hebben tegengestemd. 9. Voorstel tot wi-iziaina van de Verordening begraaf rechten 1988. De hear Renia seit dat eartiids it begraven as buorreplicht jilde. Dat barde meastentiids op grûn fan'e tsjerke en de tsjerke soarge ek foar it ûnderhâld. De tsjerklike bining is stadichoan minder wurden, de mienskippen binne grutter en losser en de net-kommersjele begraffenisferienings hawwe yn't earsten de buorreplicht oernommen en de grûn kaam wer fan de gemeente dy't ek it ûnderhâld fersoarget. Yn ús kontreien hat de kremaasje in hege flecht nommen. Sawol de kremaasjepreemje dy't kostendekkend is. De gemeentlike grêffersoarging is dat hyn ofte nei net. Syn fraksje fynt dat net mjitten wurde kin mei twa maten en hja geane dan ek akkoart mei it útstel. Syn fraksje is dêrmei net begraffenis fijannich, sa't guon minsken sizze. De preemjes fan kremaasjeferienings binne op dit stuit ek noch aardich heger dan dy fan de begraffenisferienings. In kremaasje kostet al gau sa'n 900,en as jo de urn bysette litte wolle op in begraafplak dan binne jo aardich djoerder út as by gewoan begraven. Hy heakket hjir de fraach oan fêst oft der op'e gruttere begraafplakken, gjin ferlet komt fan in colombarium. De hear Van der Baan wol graach nei foaren bringe hoe't syn fraksje tsjin dit ûnderwerp oer stiet. Alle minsken yn in mienskip hawwe sawol plichten as ek rjochten. As de ein der is hat de minske syn wurk hjir op ierde dien en tsjin de mienskip oer har hy dan gjin plichten mear. Foar de mienskip bliuwt der dan noch in eareplicht oer, nammentlik dat de ferstoarne begrûven wurdt op it plak dat hy winske hat. As mienskip, as gemeente Boarnsterhim moatte wy dat as eare rekkenje dy plicht út te fieren sûnder dat der oer jild praten wurdt. Njonken de fraach oft it wol etysk ferantwurde is te praten oer kostendekkende plaatsjes hat hy twifels oer de hichte fan'e kosten sa't dy opfierd wurde. Dat it dollen fan in grêf 900, kostje moat wol him min oan. Hy hat der ek gjin goed wurdt foar oer dat begraafplakken brûkt wurde om aksje te fieren foar Afrika Nu. It is it gefolch fan in folslein ferkearde etyske beneiering. De hear Dotinaa fynt it frappant dat dit útstel sa lang lizzen bleaun is omt it de gemeente sa stadichoan al hiel wat jild koste hat. De voorzitter zegt dat ook al in de afdelingsvergadering de vraag naar voren is gekomen of de gemeente de teraardebezorging kosteloos moet doen of dat het redelijk is de daarvoor gemaakte kosten in rekening te brengen. Hij denkt, in aanmerking genomen dat er in Friesland 223 begrafenisverenigingen zijn, waar 350.000 mensen bij zijn aangesloten, dat de gedachte van de heer Van der Baan niet erg veel steun ondervindt. 0031V 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 13