-11- Neffens him hat net ien oars lest fan dit bedriuw, ek de natuer sil der gjin skea fan hawwe as der skiphuzen boud wurde sille. It is dan ek ûnbegryplik dat it kolleezje net meiwurkje wol en hy snapt ek net wêrom as it kolleezje net op it plak seis de saak besjoen hat. Wethâlder Breeuwsma seit dat it perfoast net ûnbegryplik is dat it kolleezje dit útstel dien hat omt Terherne in hiel gefoelich gebiet is, as it giet om de skieding natuergebied en bedriuwsgebiet. Der is earder al hiel wat oer diskussiearre om dat sa goed mooglik te ynterpretearjen. Hy fynt de opmerkingen dat it kolleezje rekreaasjeûnfreonlik wêze soe en rare grappen úthellet alhiel net op syn plak. Eartiids is in oplossing fûn ta tefredenheid fan alle partijen. Hoe is it mooglik dat de oanfreger de moed hie om it nei sa'n koarte tiid, it earste brief lei der in jier letter al wer, op'e nij te bsykjen. Dat mei fansels mar it hâldt net yn dat it dan mar tastien wurde moat. It gebiet dêr't it om giet kin hy as syn eigen brûksbuse en der wurdt net samar wat dien. Ek yn oare gefallen binne der grutte problemen west oer bedriuwen yn it natuergebiet en dan gyng it om wetter fan Domeinen. Hy tinkt dat it ek presedinten skeppe sil as oan dit bouplan meiwurking ferliend wurde soe. De hear Bethlehem fynt dat it kolleezje yn dit stik fan saken alle stipe fertsjinnet. De hear G. Bouma mient fêststelle te kinnen dat der troch inkelde riedsleden mei swier geskut sketten is. Troch ússels binne de regels fêststeld en as jo dan no sjogge hoe't der oer praten wurdt dan fynt hy dat ûnbegryplik. It giet hjir ek om de betrouberens fan it gemeentebestjoer tsjin de boargers oer. Foar him is de formele gong fan saken reden om it útstel fan it kolleezje te stypjen. Ek de precedintwurking dy't in beslút hawwe kin, spilet mei. Mevrouw Aukes zegt dat het ook tekenend voor een beleid van het college zou zijn als er op bepaalde omstandigheden flexibel zou worden ingespeeld. Wethâlder Breeuwsma is tige wiis mei de opmerkingen fan de hearen Bouma en Bethlehem. It soe ek aardiger foar it kolleezje wêze as it alle oanfragen honorearje koe. It giet lykwols om de of waging wat noch al krekt kin en wat net. As der in oerienkomst is dêr't eltsenien tefreden mei is dan is it net aardich as dêr in jier letter alwer oerhinne praat wurdt. It hat dan ek neat mei fleksibelens te krijen as dan êfwizend op dizze oanfraach besletten wurdt. Na gehouden stemming blijkt het voorstel van het college met 9 tegen 8 stemmen te zijn verworpen. Vóór hebben gestemd de leden Bethlehem, G. Bouma, Bloem, Breeuwsma, Dotinga, Faber, Poppen en Volberda. De voorzitter neemt aan dat met dit besluit ook het besluit tot het nemen van een voorbereidingsbesluit artikel 21 Wet R.0. is genomen 003IV

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 16