-13- Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Voorstel betreffende de problematiek Tsienzerbuorren. De hear Nieuwdam seit dat hy it oer it generaal iens is mei de antwurden sa't dy yn it brief steane. De leste alinea's biede wat útsjoch op te nimmen maatregels foar de takomst. It meitsjen fan in bestjoersakkoart wurdt troch syn fraksje ûnderskreaun. Hy wol noch inkelde punten oan it kolleezje meijaan foar it oerlis mei de provinsje. Hoe nij binne de sifers fan it buro Hofstra, no't koartlyn it beslút fallen is oer de rûnwei by Snits. Wat binne de effekten fan de oanlis fan'e krusing op ûngelikense hichte by Winsum. Syn fraksje trunet der op oan dat de ôfspraken, hooplik dy út it bestjoersakkoart, sa gau as mooglik foar kundskip oan'e rie stjoerd wurde. As dan letter it bestimmingsplan behannele wurdt kin it bestjoersakkoart folslein meiwûgen wurde yn'e diskusje. De hear SBouma wol réagearje op'e gearfetting op side 4 fan it brief. Hy kin him net heuge dat de rie de útspraak dien hat dat it trochluken fan'e Sll gjin ynfloed hawwe soe op'e ferkears- en lûdsproblematiek fan Tsienzerbuorren. Hy trúnt der op oan dat it kolleezje dit stânpunt farre lit. De gemeente moat der by de provinsje op oan stean dat de akoestyske maatregels en maatregels foar de ferkearsfeiligens rjochte wurde op de te ferwachtsjen takomstige ûntjouwingen. Dizze ôfspraken moatte fêstlein wurde yn in bestimmingsplan en net sa as yn it brief stiet: basearre op'e hjoeddeistige sitewaasje.lt konsept-brief soe sa oanpast wurde moatte. De hear Van der Baan kin him fine yn wat de hear Nieuwdam sein hat. Wethâlder Breeuwsma sil skriftlik op de fraach fan de hear Nieuwdam antwurdzje fan wannear't de sifers fan it buro Hofstra binne, omt hy dat no net krekt wit. Hy seit dat de berekkenings fan it buro Hofstra sjen litte dat as de Sll trochlutsen wurdt de taname fan it ferkear op Tsienzerbuorren mar 2% wêze sil tsjin 25% op oare plakken. Dêrom is in bestjoersakkoart ek tige wichtich. Dêrmei wurdt dan de mjitting fan no fêststeld en kin der as de Sll trochlutsen is op'e nij mjitten wurde sadat de mooglikheid der is op'e saak werom te kommen as de útkomst oars is as no troch it buro Hofstra sein wurdt. De hear Nieuwdam freget yn hoefier de nije ûntjouwingen yn Snits en Winsum belutsen binne yn'e sifers fan Hofstra. Wethâlder Breeuwsma seit dat hja op't heden al fier boppe de tastiene dBa's (55) sitte. Op Tsienzerbuorren wurdt 71 dBa metten. Op 28 maart sil de regio noard in ûndersyk dwaan, der komme dan de nijste sifers wei. De fraach is no fan belang hokker foarsjennings der troffen wurde moatte. De hear Nieuwdam seit dat as de rûnwei Snits en de krusing by Winsum noch net ynbrocht binne yn de sifers fan it buro Hofstra dat dat dan noch wol barre moat. 0031V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 18