GEMEENTE BOARNSTERHIM 21. Utstel foar in tariedingsbeslút neffens kist 21 fan de Wet op de Romtlike Oardering foar it útwreidzjen fan in bedriuw yn Terherne. Oan de gemeenterie. Grou, 8 april 1988. Fan de hear S jde Vries út Terherne hawwe wy in fersyk ûntfongen foar it oanpassen fan it bestimmingsplan "Buitengebied fan de gemeente Utingeradeel"De wiziging dêr't op oantrune wurdt, moat it mooglik meitsje dat syn bedriuw oan it Kûpersleantsje yn Terherne útwreidzje kin mei in nije steiger. Wy hawwe dit fersyk hifke oan jildende bestimmingsplanfoarskriften en oan planologyske ûntjouwings dy't okkerdeis yn dit gebied tastien binne. Wy binne dêrfandinne fan betinken dat yn begjinsel oan útwreiding fan dit bedriuw meiwurke wurde kin. De trochfeart tusken de Lykfeart en de Terhernster Puollen mei lykwols net ûnmooglik makke wurde. Dêryn leit dan ek de begrinzing fan de útwreidingsmooglikheid fan it bedriuw fan de hear De Vries. Wy binne fan doel en diel him mei dat útwreiding fan syn bedriuw foar in part planologysk ynpast wurde kin en dat in fergunningoanfraach foar sa'n útwreiding fan de steigers yntsjinne wurde kin. Op in tekening dy't by de riedsstikken op bes jen leit is oanjûn om hokker part it giet. Om prosedureel koart om'e hoeke gean te kinnen as de oanfraach om boufergunning by ús yntsjinne wurdt, stelle wy jimme ried út te ferklearjen dat foar it oanbelangjende perseel oan it Kupersleantsje in (wiziging fan it) bestimmingsplan taret wurdt. In konsept-beslút leit by de riedsstikken op besjen. Boargemaster en wethalders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld B.G. Holtrop. 0030V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 49