GEMEENTE BOARNSTERHIM 28. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it oanskaffen fan learmiddels foar de I.B.S. Boarge- master Thalenskoalle yn Akkrum. Oan de gemeenterie. Grou, 8 april 1988. It oantal learlingen yn de ûnderbou fan de Boargemaster Thalenskoalle yn Akkrum sil de kommende moannen nochal tanimme. Om dy groepen net te grut wurde te litten moatte in tsiental beukers nei de peaskefekânsje nei groep trije. Foar dy groep fiif-jierrigen binne ekstra learmiddels nedich. Sa't jim witte is de Boargemaster Thalenskoalle húsfeste yn twa gebouwen It haadgebou stiet oan de Sinnebuorren en de dislokaasje oan de Sake Visserstrjitte. De beukers (groep ien en twa) sitte yn'e dislokaasje en de groepen trije oant en mei acht yn it haadgebou. It belied fan de skoalle is, dat sa gau de bern fiif jier wurde, sy oergeane nei groep twa. Yn'e snuorje oant de simmerfekânsje komme der nochal wat bern by, sadat nei de peaskefekânsje tsien bern nei groep trije geane. Sawol ûnderwiiskundich as organisatorysk wurdt dy maatregel neesaadklik achte. Om't dêrmei de beukers nei in oar gebou moatte is it needsaaklik dat foar de fiif-jierrigen ekstra learmiddels oantúgd wurde. Yn it haadgebou is nammentlik gjin lear- en Ontwikkelingsmateriaal oanwêzich foar beukers. Dat ekstra learmiddels nedich binne is feitliken te witen oan de aparte húsfesting fan Onder- en boppebou. Utwikseling fan learmiddels is dêrtroch praktysk net mooglik, sadat wy fan betinken binne dat yn dit gefal ekstra lear- en Ontwikkelingsmateriaal oantúgd wurde moat. It giet meiinoar om in bedrach fan 1.645,de b.t.w. dêryn beflapt. Dat bedrach kin betelle wurde út de reserve foar it iepenbier Onderwiis. De kosten wurde tafoege oan de post ferfanging/fernijïng Onderwiislearpakket. Yn ferbân mei de finanejele- en materiële gelykstelling fan it iepenbier- en bysûnder Onderwiis moatte de kosten meinommen wurde by de fêststelling fan de kosten fan it iepenbier Onderwiis yn relaasje ta de oerskri jdings regeling as bedoeld yn kêst 102 fan de Wet op it basisunderwiis. Gearfetsjend stelle wy jimme út in kredyt fan 1.645,beskikber te stellen foar it oantúgjen fan learmiddels foar de underbou fan de Boargemaster Thalenskoalle, te beteljen út de post reserve(funs) iepenbier basisunderwiis. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0030V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 58