3Mededelingen. Punt 7 De hear Van der Baan seit dat hjir ek in ruiling yn beflapt sit en dat stiet net yn/e meidieling. Hy wol graach dat der efkes nei sjoen wurdt. De voorzitter zegt dit toe. Punt 13 Mevrouw Aukes zegt dat de fracties van F.N.P. en V.V.D. een brief hebben geschreven over de toepassing van natuurlijke geluidswallen. Tot nu toe hebben zij geen antwoord ontvangen. Uit de krant heeft zij vernomen dat er bij Grouw een 140 meter lang kunststoffen geluidsscherm geplaatst zal worden. Als dat ook de gedachte van het college is dan is haar fractie niet die mening toegedaan. De V.V.D.-fractie dringt er met klem op aan die zienswijze te veranderen. De hear Nieuwdam seit dat syn fraksje bliid is dat foar it gebiet Grou gjin ûntheffing is oanfrege wurdt. Hy tinkt dat de diskusje oer de wize fan ynfoljen fan'e lûdkearende maatregels earst by it bestimmingsplan fierd wurde moat. It fernuvert him dat wylst yn it rapport oer de hegere wearden sein wurdt dat in ludskerm fan ien meter of leger buten beskôging halden wurde sil, der no dochs oer in skerm fan in meter praten wurdt. De lûdskermsitewaasje oangeande it plan Meinga moat ek noch fierder ynfold wurde. Dat kin no noch net mar moat by it plan as sadanich wol oan'e oarder komme. De hear Van der Baan hie allinne mar ferwachte dat it kolleezje gjin ûntheffing oanfreegje soe. It muoit him dat no't der al praat wurdt oer in keunststoffen skerm fan in meter, in stasjon oerslein is, nammentlik it oerlis mei de wurkgroep. Hy hopet dat it kolleezje de wurkgroep noch de gelegenheid jaan sil ta oerlis om in oplossing te krijen dêr't ek de befolking achter stean kin. Wethâlder Breeuwsma tinkt dat it brief mear skreaun is as punt fan berie dan dat der fuortendaliks in antwurd op komme moatte soe. Wat it kolleezje foarstiet stiet neffens him wol dúdlik yn'e meidieling. It kranteberjocht dêr't oer praten is komt net fan it kolleezje. Hy is it mei de hear Nieuwdam iens dat by it bestimmingsplan de diskusje fierd wurde moat hokker lûdkearende maatregels der nommen wurde moatte. Foar safier hy wit giet it wol om in skerm fan goed in meter heech en 140 meter lang. It is wol sa dat Rykswettersteat oan'e ferplichtings foldwaan moat en dêrom ek it leste wurd hat as it giet om hokker maatregels der nommen wurde sille. 0031V 2 -2-

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 7