- 8 - Oangeande it twadde diel, De Baai, seit hy, dat syn fraksje konfrontearre is mei oanfoljende ynformaasje en dat hat der ta laad, dat sy net it hiele útstel ûnderskriuwe. Tenearsten docht bliken, dat de ûnderhannelingen mei oanwenjenden noch net ta in útdragende saak kommen binne. Fierder is it sa, dat it soart huzen dat dêr boud wurde sil, no krekt net dat soart is wat dêr winske wurdt. Der soe wolris goed oer neitocht wurde moatte. It fernuvert him wol dat de wentebouferiening yn dit stik fan saken sa'n strak belied oanhâldt. Mei it nimmen fan in tariedingsbeslút giet syn fraksje dan ek wol akkoart. Oer de fierdere ynfolling moat noch praat wurde. De hear SBouma seit dat it útstel syn fraksje oer it mad komt. De manier wêrop as dit run is, is hy it net mei iens. Der is net yn'e ôfdieling oer praat, in struktuerplan en in eksploitaasje-opset binne net bekend en ynformaasje dy't de rie noch krije soe, is krekt foar de gearkomste útdield en hy hat dy ynformaasje noch net goed besjen kind. Bewenners fan'e Westerbuurt hawwe oerlis hân mei amtners en de stikken dêroer leine net op besjen. It útstel moat yn elts gefal nije wike yn'e ôfdieling bepraat wurde. Hy wol no net meigean mei it útstel omt dat betsjutte soe, dat de rie alles út hannen jout. De hear Van der Baan is it yn grutte halen iens mei de beide foarige sprekkers. Hy tinkt dat der wat mis is as no, nei 4 jier Boarnsterhim, noch net op'e tiid de struktuerplannen klear binne. Yn eardere gefallen hat bliken dien dat de rjochtssekerheid foar de lju dy't bouwen gean yn sa'n bestimmingsplan, net fêststiet. Dêrom fynt hy dat der yn elts gefal in struktuerplan wêze moat en dat dêrnjonken stribbe wurde moat nei in bestimmingsplan. De hear Volberda fynt dat de belangen fan'e neistlizzers, dêr't guon fan ek wol in stik grûn keapje wolle, earst goed regele wurde moatte. De voorzitter zegt ten aanzien van de start van het woongebied Meinga dat hij begrepen heeft dat de raad toch wel inzicht wil hebben in structuurschets en exploitatie-opzet alvorens tot woningbouw over te gaan. Daar staat tegenover, dat als niet snel met de bouw wordt begonnen, de contingenten teruggenomen worden door de provincie. Op de gecombineerde vergadering van 2e en 4e afdeling op 3 mei kan ook het plan Meinga aan de orde komen. Ten aanzien van De Baai, Westerbuurt, zegt hij dat de rol van de woningbouwvereniging een sterke is. Het ligt ook wel voor de hand, dat als de gemeente de woningbouwvereniging vraagt om te gaan bouwen en als die dan van mening is, dat een ander type woning niet haalbaar is, dat de woningbouwvereniging daar dan ook niet wil bouwen. De vraag aan de woningbouwvereniging loopt niet parallel met de gesprekken die met de twee omwonenden zijn gevoerd. Dit vraagstuk leent zich bij uitstek voor behandeling in de afdeling. 0033V 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 11