- 12- 31. Voorstel tot het vaststellen van de tarieven voor het gebruik van de sporthal "De Twine" seizoen 1988/1989 en het zwembad 1988. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 32Voorstel tot wiiziaina van de Kampeerverordenincr zoals deze is vastgesteld bii raadsbesluit van 20 januari 1987. nr. 23. Idem. 33Voorstel tot vaststelling van diverse begrotingswijzigingen. Idem. 34Voorstel tot fusie van de gasbedrijven in Zuid-Oost Friesland. De hear G. Bouma seit dat wy, sa as bekend, te meitsjen hawwe mei in fúzje fan gasbedriuwen dy't ús oplein is. As dat net sa wie, hie de sitewaasje net feroare, omt der no in goede organisaasjestrukteur is mei in goed rendiment en in prima tsj instferliening. Syn fraksje is fan betinken, dat it leverjen fan enerzjy, it nutsbedriuw, in basisfoars jenning is, wêroer op in sa ticht mooglik plak by de ynwenners besletten wurde moat. Dêrom kieze hja foar in mienskiplike regeling. As jo foar in N.V. kieze, dan dogge jo dat op grûn fan bedriuwsmjittige arguminten. Mar de hjoeddeiske sitewaasje giet út fan noch mear ynspraak fanút de basis, noch mear foech fan'e gemeenten as de mienskiplike regeling en seis no kinne wy prate fan in hiel doelmjittige organisaasje. Hokker bedriuwsmjittige arguminten soene dan noch mear jilde foar in N.V.? Is dat net allinne mar in papieren argumint en wiist de hjoeddeiske praktyk net út dat it sa ek prima kin? It wichtichste argumint is lykwols dat yn in N.V.-foarm de praktyske ynfloed fan'e gemeenten nihil wêze sil. Wannear't dat bysteld wurdt en der wurdt keazen foar in oanklaaide N.V., dan wurde de bedriuwsmjittige arguminten ûndermine. De opstelling fan it personiel fan it gasbedriuw fernuvert him dan ek yn dy sin. Hy hat dat personiel ek in kompliment jûn foar de hjoeddeiske bedriuwsf iering. Dochs kieze hja foar in N.V. op grûn fan arbeidsbetinksten en leanpûdsje. De ynhâld fan it leanpûdsje ferskilt wol by in N.V. en in mienskiplike regeling, mar dat jildt benammen foar de hegere leanskalen. Yn'e stjoergroep binne arguminten oanjûn rjochting fakbeweging oangeande bettere arbeidsbetinksten by in N.V. 0033V 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 15