- 13 - Oangeande it jild kin dat lykwols noait omt dat betsjutte soe, dat der twa soarten amtners kreëart wurde soene. Derby fernuvert de opstelling fan it personiel him ek, omt it sa is, dat doe't it gasbedriuw net sa draaide as de leste tiid, de mienskip syn nekke útstutsen hat. Doe't de gemeenten in pear jier lyn twongen waarden de enerzjyfoarsjenning oars te regeljen as hjoeddedei, wie der in sterke lobby foar in horizontale yntegraasje fan gas en elektra. De gemeenten en it gasbedriuw woene dat net om de enerzjyfoarsjenning tichteby de minsken te halden. Dat it personiel dochs in oare opstelling kiest fernuvert him dan ek. Hy stelt fêst, dat yn'e beslútfoarming oant no ta oangeande de jildsaken mei ferstân hannele is. Der binne algemiene linen hantearre en dat is hiel ferstannich. Tagelikertiid wurdt der no frege te kiezen foar de organisaas jefoarm en akkoart te gean mei de jildsaken. Oare saken, lykas it plak fan'e sintrale húsfêsting moatte no noch net nei foaren helle wurde, dy komme letter oan bar. Hy is der dan ek net sa oer te sprekken, dat It Hearrenfean wol in hot item makket fan'e sintrale húsfêsting en dat dat hast in brekpunt liket te wezen. Ek wurdt der blierkjend útsjoen nei in N.V.-foarm en ek nei it P.E.B. It sprekt elkoar tsjin dat mei in hiele goede tarieding op dit útstel no ien fan'e gemeenten hiel maklik oare útspraken docht. As Boarnsterhim him útsprutsen hat foar in bestjoersfoarm, en as it oan him leit, is dat in mienskiplike regeling, dan sil dat stânpunt ynbrocht wurde yn'e stjoergroep. As de mearderheid fan'e gemeenten kiest foar in N.V.-foarm, dan ûntstiet der neffens him in hiele nije sitewaasje, wêryn hy him dan foarstelle kin, dat der in oare N.V.-foarm, mear oanklaaid, komt mei it each op de mienskipsbelangen fan Boarnsterhim. De hear Van den Bosch seit dat dit utstel in saak oanbelanget, dy't al de nedige publisiteit hân hat. De WD-fraksje kiest net foar it útgongspunt dat der in mienskiplike regeling komme moat, mar foar in N.V.-foarm. In N.V., miene hja, kin soepeler, direkter en slachfeardiger hannelje. Bestjoerlik is in N.V. minder loch dan in mienskiplike regeling, en de belangen fan'e gebrûkers binne better regele trochdat der flugger antwurde wurde kin. Ek de belangen fan'e meiwurkers binne yn in N.V. better tsjinne. Yn'e statuten fan in N.V. kinne ek oare dingen, dy't men graach wol, regele wurde. Mei de finansjele ôfwikkeling sa as dy yn it útstel stiet, kin syn fraksje ynstimme. Syn fraksje sjocht der mei belangstelling nei út op hokker wize de oerbleaune middels brûkt wurde sille. Hy hopet dat de fúzje fan'e gasbedriuwen gjin net te oanfurdigjen lest foar ús gemeente mei him meibringe sil. De hear Volberda seit dat syn fraksje ek kiest foar in mienskiplike regeling omt sa de gemeente it meast belutsen bliuwt by it belied. 0033V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 16