GEMEENTE BOARNSTERHIM 14. Utstel ta it fêststellen fan in oantal ûnderdielen fan it ûnderwiisbeliedsplan. Oan de gemeenteried. Grou, 4 maaie 1988. Yn ferfolch op jim beslút fan 20 novimber 1984 oangeande it fêststellen fan in ûnderwiisbeliedsplan foar it iepenbier ûnderwiis yn dizze gemeente, biede wy jim in oantal oanfoljende ûnderdielen oan. It giet om de ûnderdielen bewegingsûnderwiis, frouljuemansipaasje en ûnderwiisoerlisstruktuer De trije foarneamde ûnderdielen binne troch de gemeentelike wurkgroep de K.U.B. (kommisje ûnderwiisbeliedsplan) taret en foarsjoen fan kommintaar nei oanlieding fan reaksjes fan de meikedizingsrieden fan skoallen foar iepenbier underwiis. De K.U.B. wie fan miening dat dizze ûnderdielen noch of net foldwaande beskreaun wiene yn it ûnderwiisbeliedsplan. Njonken de trije ûnderdielen dy't jimme ried no oanbean wurde, hat de K.U.B. him ek noch dwaande hélden mei musykûnderwiis en de bekostiging fan it basisûnderwiis Troch de perikels mei de nije regioyndieling hat de K.U.B. der fan Sfsjoen om it musykûnderwiis foar Boarnsterhim te beskriuwen. Wol hat de K.U.B. in advys gearstald oer it takomstich musykûnderwiis Dernjonken hat de K.U.B. op eigen manneboet it bekostigingsstelsel basisunderwiis beskreaun, mei der oan tafoege in oantal útgongspunten, dy't wy earst hifkje wolle oan de mooglik finansjele konsekwentiesDêrfandinne dat wy dat ûnderdiel noch oanhalden hawwe. Fierders is troch jim ried by it fêststellen fan it underwiisbeliedsplan yn 1984 der op oantrune om de ûnderdielen bewegingsûnderwiis en frouwenemansipaasje te beskriuwen. De K.U.B. hat dizze ûnderdielen taret en dêr noch oan taheakke it ûnderdiel "ûnderwiis-oerlisstruktuer", om't neffens it skriuwen fan de K.U.B. der dúdlikens wêze moat oer de ferskate foarmen fan oerlis en wa't allegearre belutsen wurde by it underwiis yn Boarnsterhim. De reaksjes fan de meikedizingsrieden binne foar in part oernommen, neffens it advys fan de K.U.B. It oangbelangjende advys leit foar jim by de stikken op besjen. Gearfetsjend stelle wy jim út de ûnderdielen bewegingsûnderwiis, frouljuemansipaasje en ûnderwiisoerlisstruktuer oerienkomstich it advys fan de K.U.B, fêst te stellen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0032V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 47