- 2 - Punt 10. De hear Renia seit dat it útstel fan'e gemeente Dodewaard syn fraksje hiel sympatyk is. Hy hopet dat in protte minsken harren bewust wurde fap'e noard-súd-problematyk en fan harren ferantwurdlikens dêryn. It hat dan ek yn dit ramt in goede saak west dat de ried 20.000,beskikber steld hat foar it wurk fan frede en solidariteit. Op 9 maaie organisearret de kommisje frede en solidariteit in foarljochtingsjûn oer Nicaragua, dêr't immen fan'e NOVIB dy't yn Muy-Muy west hat syn ferhaal dwaan sil. Yn'e earste wike fan juny is der op alle iepenbiere en twa bysûndere basisskoallen in projektwike oer ûntwikkelingslannen. De hear Van den Bosch seit dat hy hopet dat it beslút fan it kolleezje de minsken net tsjinhâlde sil persoanlik oan it Foster Parents Plan mei te dwaan. Mooglik kin de rie in berntsje adoptearje. De voorzitter zegt dat hij dat initiatief graag aan de heer Van den Bosch overlaat. Vervolgens worden de ingekomen stukken voor zover niet anders vermeld, voor kennisgeving aangenomen. 3Mededelingen. Punt 3 Frou Faber wol der de klam op lizze, dat har fraksje it mei de yntinsje fan Miljeudefinsje iens is. We moatte besykje safolle mooglik op enerzjykosten te besparjen. Benammen giet it no om de persoanlike motivearring. It kin dan fêst sa wurde, dat koalen- en kearnsintrales oerstallich wurde. Har fraksje sjocht dan ek út nei de dêrop rjochte maatregels dy't nommen wurde moatte. Hja hopet dat minsken persoanlik motivearre wurde sille safolle as mooglik de fergrieming fan enerzjy tsjin te gean. Hooplik kinne dy útstellen op koarte termyn klear wêze. Punt 4. De hear Nieuwdam freget hoefier it is mei de foarderingen fan'e ûntwikkeling fan in boartersplak oan Hoxma. De hear Van der Baan hat deselde fraach. Dêrneist freget hy him ôf hoe't sa'n misbegryp ûntstien kin. De wethalder soe in gesprek organisearje mei de 2 partijen. Is dat al bard? Deze vragen lijken de voorzitter meer geschikt voor een afdelingsvergadering. Punt 5 De voorzitter zegt dat het algemeen bestuur van het Werkvoorzieningsschap gereageerd heeft op het standpunt van het college. Het a.b. zegt in zijn reactie dat de gebouwen al lang geleden in slechte staat zijn bevonden. 0033V 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 5