- 6 - Dat lukt dan ek wer minskeif en op sa'n manier komt der dan wer in minwaarfoarsjenning dêr't yn ús gemeente wol ferlet fan is, by. Ferskate doarpen hawwe in museum as oare saken dy't it besjen wurdich binne. It soe best aardich wêze, as dy neamd wurde yn'e Boarnsterhim Rekreaasjekrante en dat der in soarte rûte, lykas op'e museumdei ferline jier, komme soe. Hja freget it kolleezje oft der harren ek wat bekend is fan in gearwurking tusken de ferskate doarpen op dit mêd. It jild hat har fraksje al wat oer stind. Mei de klam op de kultuer kinne hja der dochs mei ynstimme, dat dizze ynstânsjes stipe wurde foar fierdere ûntjouwingen op it kulturele mêd. Frou Watzerna kin har ek yn beide útstellen fine. Der wurdt wolris sein dat regearen foarútsjen is, mar it is ek tige wichtich dat de dingen fan eartiids bewarre wurde. Oangeande it gemeentemuseum Grou is altyten sein: wat docht de gemeente? Hja jout de minsken fan it museum de rie mei it fiskje dat se no krije út te setten om in snoek te fangen. Hja winsket ek de Stifting Warten in protte sukses. De hear Van der Baan kin mei útstel 13 meigean. Oangeande útstel 12 merkt hy it folgjende op. Hy fynt it tige spitich dat der net diskusearre is oer it brûken fan in bestimmingsreserve. De rie hat seis noch net in beslút nommen oer al as net in mienskipssintrum. De diskusje, ek binnen de mienskip fan Grou, hat noch net west. Hy tinkt dat der dochs wol ferlet is fan in mienskipssintrum yn Grou. Hy docht it útstel earst 25.000,út ûnfoarsjoen te heljen. Dan kin de diskusje fierd wurde. Dêrnei kin lykwols noch it jild út de bestimmingsreserve helle wurde, êfhinklik fan'e diskusje en it beslút dat der nommen wurdt. Wethalder Bloem seit oer útstel 12, dat der hyltiten de fraach west hat wat de gemeente no eins docht. It is neffens har net sa, dat der noait oer in mienskipssintrum praat is. Ferline jier hat der bygelyks in harksitting west. It is in tige goede saak dat der dochs in gatsje fûn is om jild mei jild meitsje te kinnen. De suggestje fan frou Zijlstra om mear gearwurking te befoarderjen en om bygelyks in fytsrûte te meitsjen, sil se trochjaan oan'e V.V.V.'s. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform de voorstellen 12 en 13 besloten. 14. Voorstel tot vaststelling van wijziging artikel H7 vanhet Algemeen Ambtenarenreglement. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 15. Voorstel tot vaststelling van diverse wijzigingenvan rechtspositieregelingen ten behoeve van het personeel in dienst van de gemeente Boarnsterhim. Idem. 0033V 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 9