-6-
In zijn algemeenheid merken wij op dat de voorgestelde extra
ramingen, alsook de voorgestelde bezuinigingen, slecht zijn
onderbouwd. Het valt ons op dat u in sommige gevallen klakkeloos
extra raamt, zonder daarbij de vraag te stellen of er misschien
een andere beleidsaanpak noodzakelijk is.
Hetzelfde zien we bij de bezuinigingsvoorstellen waar u niet de
moeite heeft genomen om de inhoudelijke consequenties te
onderzoeken. De vele vragen en reacties van alle kanten uit
commissies en raden bevestigen deze aanpak.
Bovendien maakt u het ingewikkeld door enkele voorstellen met
een verdeeld college-standpunt aan de raad voor te leggen.
Wij spreken de hoop uit dat het college onze voorstellen en
suggesties die wij straks bij de behandeling van die punten naar
voren zullen brengen, zal overnemen. Mocht u niet zo ver willen
gaan dan wordt de V.V.D.-fractie geacht te hebben tegengestemd
op de door ons genoemde onderdelen die afwijken van het college
voorstel.
De hear Dotinaa seit dat hy net in algemiene skôging makke hat.
De nota leit foar ús en it is spitich dat dy sa grut wurden is.
Hy hopet dat de útkomst sa wêze sil as ferwachte wurdt.
De hear Van der Baan seit dat it him muoit dat der mei de
maitiidsnota konkludearre wurde moat dat wat nei de takomst ta
sa wichtich is snoeid wurdt. Hy tinkt dat benammen oan posten as
musyk, sport, bibleteekwêzen en dat binne krekt dy saken dêr't
de jeugd mei kofrontearre wurdt. Yn syn algemienens fynt hy dat
dat altiten tefoaren kommen wurde moat. In folk dat net mear yn
syn jonge minsken ynvestearret hat gjin takomst.
It ûnderlizzende probleem fan'e maitiidsnota leit yn it tekoart
binnen de eigen organisaasje. Der hat gjin goede beslútfoarming
west, de rie waard foarsjoen fan ferkearde ynformaasje en
dêrtroch runen we achter de feiten oan.
Der moat in oplossing komme, net allinne in finansjele. Ut de
fitsenarisoperaasje docht bliken dat de wize dêr't no op wurke
wurdt gjin fertuten docht.
Der moat in bettere organisaasje komme. We komme der net mei
troch dat seis binnen de organisaasje te besjen. Hy giet derfoar
yn'e pleit foardat de maitiidsnota behannele wurdt nei te gean
oft de sifers dêr't deryn fan útgien wurdt wol de krekte sifers
binne. Hy tinkt dat der twifels besteane oer de krektens fan'e
sifers as hy alle stikken der goed op nei lést. Dat bringt him
ek oan it twifeljen. Der om stelt hy út de sifers út'e maitiids
nota neigean te litten troch in verifikaasjeburo.
Wolle wy ús organisaasje goed opbouwe en wolle wy as rie de
goede ynformaasje krije dan sil der in organisaasjeburo fan
buten ynskeakele wurde moatte. Dan krije wy de oplossingen dêr't
wy nei útsjogge. Fan dizze maitiidsnota ferwachtet hy dy
oplossing net en dêrom is hy op foarhên al tsjin alle
ûnderdielen fan'e maitiidsnota.
0037V 6