GEMEENTE BOARNSTERHIM
12. Utstel om in kredyt beskikber te
stellen foar de ferfanging fan de
sf-ynstallaasje tsjettel/boiler
fan it gymlokaal yn Warten.
Oan de gemeenteried.
Grou, 8 july 1988.
As gefolch fan slitaazje by normaal gebrûk is de s.f.-tsjettel fan
it gymnastieklokaal yn Warten te'n ein en moat nedich ferfongen
wurde. De tsjettel is net mear te meitsjen en it gasbedriuw hat dan
ek oanret om de besteande ynstallaasje sa gau mooglik te ferfangen
troch in H.R.-tsjettel (heech rindemint).
De âlde ynstallaasje noch lager brûke is net ferantwurde. De boiler
wurket net mear en de brâners binne sa min dat der koalmonoksyde
frij komt. Fierders hat de tsjettel dy't fan 1969 is, mei 68 persint
in relatyf leech rindemint. In selde type tsjettel hat op dit stuit
in rindemint fan sa'n 75 persint. Omt it rindemint relatyf leech is,
is it gasferbrûk yn ferhâlding ta oare gebouwen ek nochal wat heger.
Op jierbasis skeelt dat al gau sa'n 5000 kúb. It komt der om koart
te kriemen op del dat de tsjettel sawol technysk as ekonomysk oan
ferfanging ta is.
Der is dan ek in offerte oanfrege en dêr docht út bliken dat in
H.R.-tsjettel/boiler foar de gemeente it foardielichst is. De jier-
likse lesten ynklusyf gasferbrûk wurde rûsd op 10.411,Hoewol
de ynfestearing fan in gewoane tsjettel mei ferbettere rindemint
leger is, binne de jierlikse lesten heger as by in H.R.-tsjettel.
Mei de ynfestearing fan in H.R.-tsjettel is in bedrach muoid fan
35.710,ynklusyf b.t.w. Foar dat bedrach hawwe wy dekking fûn
troch op basis fan it gymlokaalgebrûk troch it iepenbier- en
bysûnder ûnderwiis in bedrach fan 28.568,te hel jen út de post
"reservering technisch onderhoud ten behoeve van het openbaar
onderwijs" en in bedrach fan 7.142,— út de post "reservering
technisch onderhoud ten behoeve van het bijzonder basisonderwijs".
Wy stelle jim ried dêrom út om in kredyt beskikber te stellen fan
35.710,ynklusief b.t.w. foar ferfanging fan de s.f.-ynstallaasje
fan it gymlokaal yn Warten. Neiere berekkeningen lizze foar jim by
de stikken op besjen.
Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim,
de siktaris, de boargemaster,
P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.
0036V 36