-2-
Benammen dat der gjin goede kommunikaasje, sawol horizontaal as
fertikaal wie.
Ut de jierrekken docht ek bliken dat der nea in deeglike basis
west hat foar it belied.
Hy is fan betinken dat der tefolle nei de takomst ferwezen wurdt
sûnder dat dúdlik oanjûn wurdt hoe't it komt. Ut'e rekken docht
bliken dat in tsjinfaller fan 520.000,net ferwurke is op'e
balans. Hy fynt dat soks direkt ôfboekt wurde moat lykas de
ferlizen dy't yn'e takomst te ferwachtsjen binne.
Risiko folie kompleksen moatte ek fuortendaliks op'e balans
oanjûn wurde.
Hy komt dat ek ta de konklúzje dat dizze rekken gjin trou bild
jout fan'e wurklikheid fan it grûnbedriuw en hy sil dêrom tsjin
de foarriedige fêststelling stimme.
Wethouder Poppen zegt, om met dat laaste te beginnen dat de
accountantsverklaring wel spreekt van een getrouw beeld van de
grootte en de samenstelling van het vermogen.
Uit de antwoorden die gegeven zijn naar aanleiding van de
accountantsverklaring kan worden opgemaakt dat een groot aantal
maatregelen genomen zijn om de administratieve organisatie te
verbeteren. Tot maart was het volstrekt onduidelijk of het
bedrag van 520.000,wel op de balans moest worden opgenomen.
Ook de juiste grootte van het bedrag was niet bekend.
Nu er duidelijkheid over de b.t.w.-claims bestaat zullen die ook
verwerkt worden in de prognoses en in de balans.
Het is het streven van het college bestemmingsplannen alleen in
exploitatie te nemen als deze kostendekkend zijn.
Wethâlder Breeuwsma fynt dat de hear Bouma in hiel dúdlike
útspraak docht as hy seit dat de V.V.D. allinne bestimmingsplan-
nen dy't kostendekkend binne stypje sil.
Hy is fan betinken dat de V.V.D. wol goed witte moat wat foar
konsekwinsjes sa'n útspraak hat.
De hear S. Bouma seit dat it yn syn fraksje giet om de goede kar
dy't makke wurde moat sjoen yn it ljocht fan'e finansjele
gefolgen. Hy tinkt dat in sekuere ôfwaging wat te dwaan yn in
bestimmingsplan in better risseltaat foar it grûnbedriuw opsmite
kin.
De hear Van der Baan konstatearret dat op dit stuit bestimmings-
plannen noch net kostendekkend binne.
Hy tinkt derby oan'e earste fase fan it plan Meinga. De
tekoarten dêrop wurde trochskood nei de twadde fase dert wol
hast seker fan sein wurde kin dat dêr, sjoen de fiverpartijen en
de sportfjilden dy't dêr komme, ek in tekoart ûnstean sil.
Hy is it iens mei de V.V.D. We kinne yn it grûnbedriuw net mear
ferlies ferneare. Hy bliuwt fan betinken dat it bedrach fan
520.000,op'e rekken fan 1986 stean moat.
Wethâlder Breeuwsma seit dat bestimmingsplannen wol kosten
dekkend te meitsjen binne mar dat dat wol ynhâlde kin dat der
bygelyks net mear yn'e sosjale sfear boud wurde kin.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het
voorstel besloten.
De heer Van der Baan wil geacht worden te hebben tegengestemd.
0037V 2