-3-
2Voorstel tot voorlopige vaststelling van de qemeenterekeninq
1986.
Frou Faber seit dat de werklike sifers oer 1986 dy't no foar ús
lizze in tryst bild sjen litte.
Dizze sifers binne mei de oanlieding west ta de foarjiersnota.
Sy wol dan ek de ynhâldlike diskusje hjiroer fiere by punt 3.
Yn de ienmalige dekking kin har fraksje him fine. It jout har
wol in bang gefoel oer wat der foar 1987 útrûgelje sil. Hooplik
binne de sifers oer 1987 gau bekind.
De hear Van den Bosch fynt de gemeenterekken oer 1986 yn ien
wurd beroerd. Troch de beskikking oer de reserves koe it
rekkeningsaldo noch geunstich beynfloede wurde.
De suggestjes dy't de V.V.D. yn eardere gearkomsten dien hat en
dêr't it kolleezje neat fan witte woe wurde no wol brûkt. Hy kin
net neilitte dat efkes op te merken.
De hear Van der Baan seit dat út'e stikken bliken docht dat de
saak net yn'e oarder is. Der is net goed begrutte en de rie is
dus op ferkearde ynformaasje ôfgien. Fanwegen de proseduere dy't
hjir folge is en dan benammen oangeande de taskowing fan de
reserves dat nea troch de rie goedkard is, sil hy ek tsjin dizze
foarriedige fêststelling stimme.
De hear Volberda tinkt dat no de automatisearring al safier
trochfierd is de rie net wer yn sa'n let stadium konfrontearre
wurde sil mei sokke sifers.
It is no te let om wiidweidich op'e saak yn te gean. De skulden
sille betelle wurde moatte.
As hy op'e administraasje siet, soe hy him wol aardich yn'e wjuk
sketten fiele. Alles wat automatysk bart kin ommers like goed
troch in minske dien wurde en dat hat net sa west.
Wethouder Poppen zegt dat de rekening 1986 gelukkig al in 1988
gepresenteerd kan worden.
Eerder verliep daar wel zo'n 4 a 5 jaar over, maar er bleef ook
altijd geld over. Bij eindwijziging konden alle overschrijdingen
worden gelijkgetrokken.
Vanaf nu zullen we rekening moeten houden met steeds maar weer
tegenvallers
De structurele doorwerkingen van de rekening 1986 zullen wel tot
gevolg hebben dat ook de rekening 1987 een tekort zal laten zien.
Om de dekking over 1986 rond te krijgen kan er óf geld geleend
worden, maar dat kost veel te veel extra geld, óf de reserves
kunnen aangesproken worden.
Vanavond wordt de raad gevraagd aan dat laatste zijn goedkeuring
te geven.
De automatisering heeft tot gevolg gehad dat nu a la minuut
beschikt kan worden over alle begrotingscijfers en alle uitgaven.
De hear Van der Baan fynt it antwurd tige ûnbevredigjend. Ut'e
besluten fan b. en w. hat him bliken dien dat al op 22 desimber
1987 it beslút nommen is de reserves oan te sprekken. Hy hie
hjiroer earder ynformaasje hawwe wollen en der ek earder oer
stimme wold.
Wethouder Poppen zegt dat als de heer Van der Baan niet wil dat
er over de reserves beschikt wordt hij met een ander voorstel
moet komen.
0037V 3