-4-
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het
voorstel besloten.
De heer Van der Baan wil geacht worden te hebben tegengestemd.
3Behandeling voorjaarsnota.
De voorzitter stelt voor eerst algemene beschouwingen te houden
en dan de voorjaarsnota paragraafsgewijs aan de orde te stellen.
Frou Faber seit dat by de behanneling fan'e begrutting al dúdlik
wie dat der in foarj iersnota komme soe. Nei it bekind wurden
fan'e wurklike sifers fan 1986 is pas goed dúdlik wurden hoe't
de gemeente der finansjeel foarstiet.
Foarich jier hat der by de fitsenarisoperaasje in ombûging
pleats fûn.
Besunigingen binne trochfierd om nij belied te kreëarjen. Nei it
like in ûntakbere taak om besunigje te moatten om nij belied
fan'e grûn te krijen.
No't der alhiel gjin romte mear is foar nij belied is de taak
fan jûn noch folie ûntakberder.
De oarsaken fan de minne finansjele posysje binne oanjûn yn'e
nota.
It foarse tekoart op it grûnbedriuw, it weromrinnen fan'e
algemiene útkearings fan it Ryk, de finansjele gefolgen fan de
weryndieling, besunigingen dy't net helber wiene en in
begrutting dy't net mear rom yn syn jaske sit.
Wat net neamd wurdt mar neffens har wol in grutte ynfloed hat is
it útwreidzjen fan'e taken fan'e gemeente.
Troch in belied fan desintralisaasje stjit de lânlike en
provinsjale oerheid taken óf wylst de finansjele middels lang
net navenant binne. Boppedat freget dizze taakferswierring ek in
protte ekstra tiid. Dêrtsjinoer stiet dat fan deregulering noch
net safolle te merken is.
It is ûnmooglik yn oktober in goed byld te hawwen fan ús
finansjele posysje omt fanút Den Haach hyltiten oare sifers op
ús takomme nei de tredde tiidsdei yn septimber de peaskesir-
kulêre en dan yn de junysirkulêre nochris.
It lânlik belied bepaalt foar in grut part ús finansjele moog-
likheden. De rie hat de ûntankbere taak dat belied út te fieren
en dat giet mei de nedige pine en krityk fan'e boarger.
Yn'e begruttingsgearkomste is de grutte soarch dêroer fia in
moasje oan'e Twadde Keamer bekind wurden.
Ut'e analyse fan it tekoart doch dudlik bliken dat in goede
kredytbewaking ûntbruts. Guon besluten binne nommen sûnder in
goede finansjele dekking.
Amtners, kolleezje en rie moatte de mooglikheid hawwe in gear-
hingjend oersjoch te krijen fan'e finansjele posysje ek troch it
jier hinne. As wy achter de feiten oanrinne is in goede kotrôle
net mooglik en binne dizze pynlike yngrepen nedich.
Har fraksje is dan ek bliid dat der troch it kolleezje maat
regels nommen binne om de begruttingsdissipline te fergrutsjen
en om middels in rapportaasje in goede kredytbewaking te krijen.
Hooplik kinne de sifers oer 1987 mei gauwens temjitte sjoen
wurde.
It moat slagje.
0037V 4