-li lt kolleezje hat oanjûn dat it plan kostendekkend wêze kin en sa is it ek yn'e rie ôfpraat. De hear Volberda stiet achter de wurden fan de hear Bethlehem. Hy snapt net dat der sa dreech dien wurdt oer it trochskowen fan kosten nei de twadde fase. It giet ommers om in dyk dy't der wêze moat om ek yn de twadde fase bouwe te kinnen. De hear Van der Baan seit dat hy syn merk al as net sette sil Sfhinget fan dat der in goedkarde eksploitaasje-opset en in goed bestimmingsplan is. Dy binne der op dit stuit beide net. Hy freget him of oft se wier net op tiid klear wêze kind hiene. As alles wat al útjûn is by it oanjûne tekoart fan 95.000, wêr't ek noch in b.t.w. ferlies fan 35.000,opteld wurdt dan betsjut dat dat it tekoart aardich grutter wurdt. De earste óf boeking fan 175.000,hat al west en dat bedrach is al folie mear dan earst berekkene. Der wurde kosten trochskood nei de twadde fase wylst noch hielendal net wis is oft dy der wol komt. Noch mear dingen steane net fêst. Hoe goed is bygelyks de grûn út'e rykswei? Fan feangrûn is bekind dat der mei in pear jier troch oksidaasje in grut part ferdwûn is. Boppedat wurdt mei de rykswei net foar 1 april 1989 begûn. Dan is der noch ünwissichheid oer de grienstreken oft dy miskien ferkocht wurde sille. Ek de faktor "rintewinst" is eat wat fan te foaren net te foarsjen is. Hoefolle kostet aanst it oplaapjen fan Tjallinga as dêr earst al dat swiere bouferkear oerhinne gong is. Wethêlder Breeuwsma seit dat it kolleezje ek leaver hand hie dat it bestimmingsplan en de eksploitaasje-opset goedkard wiene. It is hiel seker dat mei de earste fase en dan prate we oer 22 wentewet- en 14 frije sektorwenten, neat barre kin. Dêr bliuwt jild fan oer. Under de bou kin ek toetst wurde oft it ferhaal, sa't dat no op papier stiet, kloppet. As der no net mei dizze fase begûn wurde soe, soene de 22 wente- wetwenten hielendal net boud wurde kinne. De V.V.D. hat dêrom in hiel swiere útspraak dien troch te sizzen dat sûnder goedkarde eksploitaasje-opset der net mei dizze fase útein setten wurde mei. It is al ferskriklik dreech om yn dit gebiet noch sosjale wentebou ta te passen. It soe ûnferantwurde wêze dat yn it plan Meinga allinne keapwenten boud wurde soene. Mei sin binne de wentewetkavels halden op 11.200,De ûnderhannelings hawwe altiten noch 12.500,opsmiten. Mei dit ferskil soe dêr dus ek noch winst ynsitte. Hy hopet dat de rie ek fan bedoeling is dat as der wenten boud wurde der foar alle minsken boud wurde moat. Dy 175.000,ferlies dêr't de hear Van der Baan wat oer sei, hiene we al. As hjoeddedei de grûn ferkocht wurde moast brocht it miskien mar 2,de kante meter op en dan soe it ferlies 6,de kante meter wêze. Hy giet der fanút dat der út'e rykswei liemich san komt, fierder kin hy der net folie mear fan sizze. 0039V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 13