-13-
De hear Nieuwdam seit dat hy it tige wurdearret dat it kolleezje
al alle war dien hat om grûn op it yndustryterrein te
ferkeapjen. Hy hopet dat de kombinaasje rykswei - yndustrie-
terrein in goede wêze mei.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het
voorstel besloten.
20. Voorstel tot het beschikbaar stellen van kredieten ten behoeve
van complexen van het grondbedrijf te weten De Baai te Grouw,
Boeiier-Zuid te Grouw. Terhorne-Noord te Terhorne.
Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform
het voorstel besloten.
21. Voorstel tot wijziging van de tarieven voor de levering van
aardaas
Frou Faber seit dat de halding fan VEGIN, en Gasunie har fraksje
fernuvere hat, benammen it oplûken fan it fêstrjocht mei dêr-
neist de ferleging fan de kubikemeterpriis. It liket hast wol op
in truc. Yn it ferline wie de gaspriis keppele oan'e oalje-
prizen.
De oaljeprizen binne de leste tiid nochal bot nei ûnderen gong
en no't dit foar de gebrûker geunstich útpakt wurdt der aksyns
heven.
Hoewol't oars sein wurdt, is se bang dat dy der noait wer
of giet. Se tinkt wol dat it útstel dat der no leit is meast
stabyl is foar dit momint hoewol't de bittere smaak yn'e mûle
bliuwt.
De hear Van der Baan seit dat it net in truc liket, it is in
truc. Alderearst is dêr de truc fan'e beheinde ferheging. Sûnt
wannear is 21 persint beheind?
Dan wurdt de priisûntwikkeling dy't altyten lyk run mei de
priisûntwikkeling fan dollar en oalje loskeppele om't oars de
gaspriis fierder dale soe. In legere gaspriis is ûngeunstich
foar it ryk en dêrom komt der in belestingsferheging.
Yn 1987 hie de gaspriis mei 0,21 ferlege wurde moatten en dat
wie in hiele klap west foar oaljemaatskippij en ryk, dêroer
binne dy twa it wol aardich iens.
It alderberoerdste is dat ús ierdgaspriis keppele is oan'e
Spierenburg ôfspraak en dat hâldt yn dat de Gasunie mei de
bûtenlânske ôfnimmers oerienkommen is dat de eksportpriis
bepaald wurdt troch it gemiddelde fan'e ôfnimmerspriis. Dat
betsjut as de yndustrie en de grutte bedriuwen mar in bytsje
betelje de húshâldens in protte betelje moatte om it gemiddelde
sa heech mooglik te krijen.
Hy fielt deryn in grut stik ûnrjocht. De polityk is folslein
finzene fan'e oaljemaatskippijen.
Mevrouw Aukes zegt dat er vergeten wordt dat onze welvaart voor
een deel afhankelijk is van de gasinkomsten. Degenen die de
kritiek hebben dat de consument de dupe wordt van dit soort
prijzen wil zij voorstellen om de gaswinsten la raison van 1
miljoen direct toe te laten komen aan diezelfde consument.
0039V 13