-16- 23ütstel om de aemeentlike bydraae foar it skoallebuske Idaard. Friens en Reduzum by koarten yn te lûken. Frou S. Ziilstra seit dat it beslút wol dreech fait. De skiednis en de problematyk is ferskate kearen besprutsen yn'e tredde ôfdieling. Se is bliid dat de ôfbouregeling útsteld is en dat der pas as de tunnels klear binnen gjin fergoeding mear jûn wurdt. It giet ommers om de feiligens fan'e bern. Har fraksje kin dêrom achter it útstel stean. De knyppunten Idaard en Snitserhoeke binne dan oplost. De minsken út Friens sille seis in oplossing fine moatte. It grutste knyppunt dan is de oerstek Trije Romers - Reduzum, dêr't de skoallebern, mar ek oaren, alle kearen gebrûk fan meitsje moatte. Se wol graach dat besjoen wurdt oft der ek mooglikheden binne dy ûnfeilige oerstek te ferbetterjen. De hear Van der Baan hie dit útstel net ferwachte. Op 10 july 1987 hat de rie sein dat de subsydzje bestean bliuwe moat om de feiligens fan'e bern wis te stellen. As hy sjocht hoe't de sitewaasje der yn'e takomst útsjen sil is hy der net gerest op. Njonken de feiligens fan'e bern is der noch in oar aspekt dat tige wichtich foar him is. Der is in Trije-doarpen-skoalle en dat betsjut dat dy trije mienskippen opelkoar oanwezen binne. Fanút'e histoarje wei hawwe dy doarpen ek altiten in ienheid foarme. As it skoallebuske der net mear is is hy derfan oertsjûge dat Friens op den doer in wei nei oare doarpen sykje sil en dat de ienheid mei Reduzum útelkoar falie sil. Dat soe him tige spite. Hy is fan betinken dat it skoallebuske bliuwe moat. De hear Dotinqa is it iens mei it útstel. Hy is it mei frou Zijlstra iens dat der sjoen wurde moat nei de oerstek Tri je Romers - Reduzum. Wethâlder Bloem seit dat it yndied in dreech beslút wurdt. De petearen wiene ek tige dreech en dat komt om't de minsken wend binne oan in foarsjenning, dy't no ôfboud wurde sil. It kolleezje is fan betinken dat der ien line lutsen wurde moat yn'e hiele gemeente. Barst wurdt der noch, yn it ramt fan'e feiligens ôfweken fan dy line. Dêrom is it kolleezje ek ofstapt fan de idé fan in Sfbouregeling om't der dan wat oerbliuwt dat aanst net mear troch de minsken te betel jen is. Der is terjochte in keppeling socht mei de feiligens. De ferbettering fan'e oerstek Trije Romers sil se meinimme. Se mient dat aanst de sitewaasje gâns ferbettere is. De gemeente hat him net foar neat sterk makke foar de nedige tunnels. Der sil best wat feroarje foar de Trije-doarpen-skoalle mar dat kin net belutsen wurde yn dit ferhaal. In ferfierregeling kin net brûkt wurde om in bepaald gebrûk yn dy doarpen yn stén te halden. Hjirnei wurdt sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 24. ütstel om it fêststellen fan in plan fan niie iepenbiere-en bysûndere basisskoallen benefter te litten. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 0039V 16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 18