-2- Mevrouw Aukes merkt op dat op blz. 18 in het midden moet staan: "De voorzitter concludeert dat de fractie van de V.V.D. geacht wil worden tegen de punten: P.M.Z.W., Jeugd- en Jongerenwerk, handhaven aantal wethouders en budget Vrede en Solidariteit te hebben gestemd. Met inachtneming van bovenstaande wijzigingen worden de notulen conform vastgesteld. 2Ingekomen stukken. Punt 9a: De motie van de F.N.P. is gebaseerd op artikel 19, 2e lid reglement van orde. Nog 2 leden van de raad moeten de motie steunen alvorens tot behandeling over te kunnen gaan. Naar aanleiding van de vraag van de voorzitter blijkt dat deze steun aanwezig is zodat de motie behandeld kan worden. De hear Van der Baan ljochtet earst syn moasje ta. Hy seit dat út fragen dy't hy yn'e earste ôfdieling steld hat hat bliken dien dat der ûndúdlikens en ûnwissens ûntstien is oer de ynfiering fan'e fryske plaknammen. By de maitiidsnota is útsteld om de ynfiering nei in lettere datum te ferskowen, de rie hat dat fersmiten en de saak sil yn septimber op'e nij besjoen wurde. Hy hat begrepen dat der yn septimber noch gjin klearichheid wêze kin en dan soe de tariedingstiid ek te koart wurde om de ynfiering op 1 jannewaris 1989 mooglik te meitsjen. Derfandinne dizze moasje. De F.N.P. is fan betinken dat alle ynwenners fan Boarnsterhim rekkenje mei 1 jannewaris 1989 as ynfieringsdatum. As der no gjin dúdlikens komt sil der wer in tsj instelling tusken foar- en tsjinstanners ûntstean. Oer de ynfiering binne ôfspraken makke mei de provinsje en mei Tytsjerksteradiel en dy ôspraken sille dochs neikommen wurde moatte. Troch it oannimmen fan'e moasje sil elts helder wêze wat we fan doel binne en wat der barre moat. Hy ferwachtet dat de moasje ek ymplisearret dat as we beslute ta ynfiering de plaknammeboerden ensafuorthinne ek wier 1 jannewaris oansteande feroare binne. Hy lest de ynhald fan'e moasje foar: Moasje. De rie fan de gemeente Boarnsterhim, op 19 july yn gearsit by inoar, hat him dwaande holden mei de wize fan ynfiering fan de Fryske plaknammen op 1 jannewaris 1989. Hja nimt derby yn it omtinken dat dy ynfiering mei soarch en op tiid taret wurde moat en draacht dêrom it kolleezje op alle maatregels te nimmen dy't it mooglik meitsje de ynfiering op eardernemade datum te realisearjen en giet oer ta de oarder fan de dei. Moasje yntsjinne toch de F.N.P.-fraksje. 0040V 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 22