-7-
Hy is fan betinken dat sosjaal kulturele aktiviteiten perfoarst
net falie meie ûnder it kommersjele taryf.
Frou A. Ziilstra kin har yntinke dat de Krite Grou muoite hat
mei de prizen. Oan'e oare kant fynt se it te begripen dat foar
it brûken fan gymnastyksealen oars as foar sport en skoalle in
oar taryf jilde moat.
De krite hellet seis al oan dat it mar om in inkelde kear giet.
Oare ferienings dy't ek wolris gebrûk meitsje fan de gymnastyk
sealen moatte dan ek it kommersjele taryf betelje/ dus dan de
krite, om gjin presidinten yn'e hân te wurkjen ek.
De hear Van der Baan fynt it eins wol frjemd dat de fryske krite
Grou it brief yn it hollânsk skreaun hat. Dat efkes fansiden.
Hy is it mei de hear Bouma iens. As it yn oare plakken ek wolris
bart, sa't frou Zijlstra oanhellet, dan tinkt sy derby
wierskynlyk oan'e Jirnsumer kat en dat giet dan dochs wol om
folslein oare aktiviteiten. Hy is fan betinken dat kulturele
aktiviteiten net ûnder it kommersjele taryf falie moatte. Hy hat
begrepen dat de Krite Grou ek seis noch wer de seal skjinmakket.
Dêrneist wol hy it kolleezje ek noch yn it ûnthâld bringe dat de
krite meiholpen hat Hotel Oostergoo wer op'e kluten te kommen,
mei tal fan útfleringen der.
Wethalder Bloem seit dat om de gemeentlike akkommodaasje mear
kostendekkend te meitsjen de hierders dêrfan in hegere hier
oplein is. It is krekt de bedoeling dat sosjaal kulturele
aktiviteiten út'e wolwêzenspot subsidiearre wurde en net yn-
direkt subsydzje krije troch in legere hierpriis.
It kolleezje mient dat dizze aktiviteiten falie ûnder it
kommersjele taryf. Arguminten as maatfiering ensafuorthinne
binne net oan'e oarder, it giet om it aard fan de aktiviteit en
wat is de posysje fan'e oanfreger. De arguminten a oantemei d
binne dochs neamd om sjen te litten dat it net sa frjemd is dat
hjir it kommersjele taryf jilde moat.
De hear G. Bouma seit dat, sjoen de aktiviteit dy't oan'e oarder
is, hy om de donder wol ferkrapte subsydzje jaan wol middels it
netkommersjele taryf, om't dat in stik fan belied meitsjen is.
It giet hjir om in tige unyke aktiviteit, dy't omwille fan de
maatfiering net yn in oare seal past.
Om'e wille fan it kulturele oanbod en krekt by de krite is dat
sa'n ferskaat, soe no krekt net it kommersjele taryf jilde
moatte. It skept ek gjin presedint om't it kwa aard en
frekwinsje sa'n unyke aktiviteit oanbelanget.
Mevrouw Aukes vindt dat het hier gaat om een sociaal culturele
activiteit en als zodanig zou het beschouwd moeten worden en dat
daar juist het niet-commerciële tarief voor in rekening gebracht
moet worden.
Frou A. Ziilstra seit dat de Krite Grou fan te foaren al wist
hokfoar konsekwinsjes it hieren fan'e seal hawwe soe. Dy moatte
se dan ek mar nimme.
De hear Van der Baan kin der net by dat der gjin útsûndering
makke wurdt yn dit gefal. It sil perfoarst gjin presedintwurking
hawwe.
Wethalder Bloem tinkt dat it net terjochte is te dwaan as wie
dit sa unyk.
0039V 7