-9- 17. Voorstel tot het vaststellen van de uitgaven van de stichting Alfabetisering Midden-Friesland over de eerste zeven maanden van 1987. Idem. 18. Voorstel tot het vaststellen van de uitgaven van de stichting Basiseducatie over de laatste viif maanden van 1987. Idem. 19. Voorstel tot het vaststellen van het programma Basiseducatie 1989. Frou S. Ziilstra seit dat der ris oer in organisaasjefoarm foar de takomst neitocht wurde moat. Sy freget oft dêr op net al te lange termyn ideeën op tafel lein wurde kinne. Frou Watzema fynt dit útstel. neist de drege punten dy't faak oan'e oarder binne, hertferwaarmjend. It plan foar de basisedukaasje berikt in hiel protte minsken en foar harren is de ynhâld fan it plan fan grutte wearde en betsjutting. Se sprekt fan wurderearring út foar de minsken dy't dit plan fan'e grûn kriggen hawwe. Wethâlder Bloem seit dat sy begrepen hat dat der oan in organisaasjefoarm foar de takomst wurke wurdt. Se tinkt dat it foarriedich Edukatief Berie ynkoarten mei in útstel komme sil. Yntusken sil yn de tredde ôfdieling hjir ek noch wol oer praten wurde. De wurden fan frou Watzema binne tige op syn plak. Sy wol dy dan ek graach oerbringe. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 20. Voorstel om geen structurele middelen voor instrumentenacties van muziekkorpsen beschikbaar te stellen. Frou A. Ziilstra docht it útstel dit punt oan te halden. Har fraksje fynt fat it útstel better besjoen wurde kin yn it ramt fan it hiele barren rûn it musykûnderwiis Dit punt soe dan ek by de begruttingsbehanneling besjoen wurde kinne Frou Watzema is it hjir mei iens. Op kultureel mêd litte we de leste tiid noch alris in fear falie en as we dit paad gean bliuwe hâlde we in keale hin oer. It wol as net beskikber stellen fan strukturele middels foar musykynstrumenten is in ôfwaging yn prioriteit. Har fraksje tinkt dat dy ôfwaging yn alle rest nommen wurde moat. De hear Van der Baan seit dat hy fynt dat yn in doarp in musykkorps heart en dat net op boekhâldkundige grûnen besletten wurde moat oft dit útstel wol as net útfierd wurde sil. 0041V 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 12