-10- Om de korpsen te stypjen sil der subsydzje jûn wurde moatte. Hjirmei kin it kulturele libben yn stén halden wurde. Yn musykkorpsen bart mear as allinne musyk meitsjen. Jong en êld kinne der musikale emoasjes diele. Hy fynt it nedich it útstel oan te hâlden. De hear Dotinaa seit dat de kommisje wolwêzen har eigen begrutting hat. Der soe jild út beskikber komme kinne foar in ynstrumintenfûns. Hy fynt dat dit útstel apart stiet fan it musykûnderwiis sa't der no oer praat wurdt yn de tredde ôfdieling. Oanhâlde fan it útstel is net nedich. De voorzitter constateert dat de fracties van P.v.d.A. en V.V.D. voorstellen dit punt aan te houden. Op praktische gronden (de macht van het getal) houdt het college daarom het voorstel aan. De voorzitter schorst om 21.00 uur de vergadering voor een korte pauze Om 21.15 uur heropent de voorzitter de vergadering en stelt aan de orde agendapunt: 21. Voorstel tot het afwijzen van een verzoek om subsidie voor het Medium Popfestival. Frou A. Ziilstra fynt it spitich dat it ynisjatyf net de meiwurking fan it kolleezje krije kin. Hyltiten mear docht bliken dat de jongerein fan 12 oant 16 jier ferlet hat fan festivals sa as dit. It ynisjatyf moat dan ek yn dat ramt besjoen wurde. Tiden feroarje en ek wy moatte wolris mei feroarje. Der om hie sy it goed fûn dat der in lytse stipe jûn wie yn'e kosten fan in earste útfiering op dit mêd. De hear Bethlehem is it hjir alhiel mei iens. De hear Van der Baan fynt it hiel ferstannich fan'e kommisje wolwêzen dat sy dit subsidiearje woene. Ofhinklik fan hoe't dit festival útfalt kin dan it belied fêststeld wurde. Slagget it dan kin trochgien wurde mei it jaan fan subsydzjes yn it gefal dat de eksploitaasje in tekoart opsmyt. Slagget it net dan kin tenei op goede grûnen oanfragen wegere wurde. Wethêlder Bloem seit dat it kolleezje krekt wat oars reagearre hat as de twa sprekkers. Alles dêr't ferlet fan is hoecht net perfoast subsidiearre te wurden en dat jildt ek foar it halden fan eksperimenten. Popkonsirten wurde oars ek net stipe, sadat mei dizze beslissing oansluten wurdt by it normale belied. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 22. Utstel oancreande berooskrift tsiin beslút ôfwizen stúdziekoste- fercroedinq. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 0041V 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 13