GEMEENTE BOARNSTERHIM 11. Utstel om in beslút te nimmen op it beswierkrift fan it bestjoer fan de Feriening foar Kristlik Nasjonaal skoalûnderwiis te Tersoal. Oan de gemeenteried. Grou, 30 septimber 1988. Yn de gearkomste fan 10 july 1987 hat jimme ried besluten om de fergoeding faor it gymnastiekferfier foar de skoalle yn Tersoal nei de sporthal yn Sibrandabuorren te ferminderjen. De fergoeding is neier fêststeld op 30% van de werklike kosten; lykwols mei in maksimum-fergoeding fan 2.700,yn't jier. Tsjin dat beslút hat iet bestjoer fan de skoalle, de Feriening foar Kristlik Nasjonaal skoalle-ûnderwiis te Tersoal op grûn fan kêst 7, lid 2, fan de Wet Administrative Rjochtspraak Oerheidsbeskikkings in beswierskirft yntsjinne by jimme ried. De kommisje foar berops- en beswierskriften hat nei oanlieding fan it beswierkrift in harksitting holden op 18 maaie 1988. It proses-ferbaal fan dy sitting leit, lyk as de oare stikken, dy't op dy saak slaan, by de riedsstikken foar jimme op besjen. Op 28 juny 1988 hat de kommisje in skriftlik advys oan jimme ried útbrocht. Dat advys is oan dit útstel taheakke. De kommisje jout jimme rie yn omtinken werom te kommen op it beslút fan 10 july 1987 en de fergoeding foar it gymnastykferfier fan de skoalle yn Tersoal nei de sporthal yn Sibrandabuorren op'e nij fêst te stellen op 100% fan de werklike kosten. Ut it advys fan de kommisje docht bliken, dat it oanbelangjende riedsbeslút fan 10 july 1987 hifke is oan rjochtmjittigens en oan doelmj ittigens Wat de rjochtmjittigens oanbelanget konkludearret de kommisje dat de gemeente net ferplichte is om de kosten fan it gymnastykferfier te fergoedzjen, omdat dat op it mêd leit fan de beliedsfrijheid fan jimme ried. De ried hat it foech om iensidich de fergoeding fan it gymnastykferfier nei de sporthal yn Sibrandabuorren te ferminderjen, sa skriuwt de kommisje. De kommisje stelt fêst, dat it beslút fan 10 july 1987 net yn striid is mei de rjochtmjittigens, likemin as mei algemiene begjinsels fan behoarlik bestjoer. Oangeande de doelmjittigens fan it riedsbeslút konkludearret de kommisje, dat de gemeente de soarch hat foar it folsleine ûnderwiis en dat de bydrage fan 2.700,(30% fan de werklike kosten) lang net genôch is om de kosten fan it gymnastykferf ier te dekken. Der bestiet gjin ryksfergoeding foar "ferfierskosten bewegingsünderwiis", itjinge in lek is yn it beskostigingsstelsel, sa merkt de kommisje 0041V 43

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 34