-2- De kommisje stiet op it stênpunt dat dêrfoar in oplossing komme moat, dy't net socht wurde moat binnen it eksploitaasjebudzjet fan de skoalle. Dat soe de kwaliteit fan it ûnderwiis oantaaste (gjin bewegingsûnderwiis yn in geskikte lokaliteit). Wy kinne dat advys net alhiel ûnderskriuwe en wize der mei klam op, dat sûnt 1 augustus 1985, de datum wêrop de Wet op it Basisûnderwiis fan krêft wurden is, de bekostigingssystematyk gans feroare is yn fergeliking mei de bekostigingsregeling op grûn fan de Wet op it Leger-ûnderwiis 1920. Under it rezjym fan dy wet waard troch de gemeente oan it bestjoer fan de skoalle yn Tersoal in fergoeding foar it gymnastykferfier takind. Yn it earstoan foar it ferfier fan de bern nei de gymnastykseal yn Jirnsum en letter foar it ferfier nei de sporthal yn Sibrandabuorren. De bysûndere basisskoallen krije sûnt 1 augustus 1985 rjochtstreeks de fergoeding "materiële ynstânhâlding" (ekploitaasjekostefergoeding) fan it ryk. Omdat de gymnastykferfierskosten nei ús betinken hearre ta de normale útjeften fan it basisûnderwiis sille dy yn begjinsel betelle wurde moatte út'e eksploitaasjekosten. It hat neffens ús perfoast net it doel fan de wetjouwer west, dat njonken in ryksbydrage foar ekploitaasjekosten ek de gemeente nochris in bydrage jout yn'e ekploitaasjekosten. Yn dat ferbân ferwize wy nei kêst 6 fan de Wet op it Baisûnderwiis ("gemeenten doen geen uitgaven voor een bijzondere school dan krachtens de wet"). Allinne wannear't de gemeente foar it iepenbier ûnderwiis mear útjout as dat it ryk beskikber stelt, moat it bedrach dat mear útjûn is - it saneamde bedrach dêroerhinne - troch berekkene wurde nei't bysûnder ûnderwiis. Hoewol't yn de ekploitaasjekostefergoeding fan it ryk offisjeel gjin komponint ferfierskosten sit, steane wy op it stânpunt, dat it gymnastykferfier mei it each op de bekostigingsstruktuer fan it basisûnderwiis net foar rekken fan'e gemeente komme mei. Wy binne by neier ynsjen dan ek fan betinken, dat troch it jaan fan in temjittekomming - ek al giet it om in bedrach fan 2.700, fierder gien wurdt as kêst 6 fan de Wet op it Basisûnderwiis ta stiet, dan wol it doel is fan kêst 102 fan dy wet. Mei oare wurden, wy binne fan betinken - soks yn ôfwiking fan it advys fan de kommisje en yn ôfwiking fan it riedsbeslút fan 10 july 1987 - dat de fergoeding op nul steld wurde moat, omdat oars yn striid hannele wurdt mei de wet. Ek op grûn fan de omstannichheid, dat de skoalle yn Tersoal neffens de ryksnoarmen te lyts is om oanspraak te meitsjen op in gymnastykseal by de skoalle (A-lokaal) - wertroch men min of te mear twongen wurdt út'e wiken nei in oar doarp - binne wy fan betinken dat de kosten fan it ferfier foar rekken fan it ryk komme moatte. 0041V 44

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 35