-3- De hear Van der Baan merkt op dat yn'e praktyk bliken docht dat de skippen der net wei komme kinne. Hy fynt dat der yn elts gefal in frije trochfeart bliuwe moat. De voorzitter zegt dat bij agendapunt 7 gezocht moet worden naar een oplossing die ook recht doet aan de toegankelijkheid van de wal. Nr. 13. Wethâlder Breeuwsma antwurdet de hear Van der Baan dat de oplossing yn oerienstimming is mei de winsken fan'e bewenners. Nr. 15. Frou Faber seit dat mei yngong fan 1 septimber de salarissen fan jongere amtners feroarje. De grins foar it folwoeksenenlean leit no op 22 jier en de leanen wurde ekstra koarte mei 2% persint. It útgongspunt foar dizze maatregel foar it regear is dat de frijfallen jilden brûkt wurde sille foar de wurkgelegenheid en dêrom is it no sa skândalich dat fan plannen foar de wurkgelegenheid neat bekind is. Ut in ûndersyk fan de F.N.V. docht bliken dat hast eltse jongere in normale baan, ek wat it tal oeren oanbelanget wol tsjin in normaal lean en dat is net in ûnbillike eask. It binne minsken dy't oan harre takomst bouwe en oan'e iene kant fertrouwe we harren mear ferantwurdlikens ta, tink oan de op nij fêststelde âldens foar it hannelingsbekwaam wezen, wylst oan'e oare kant de beleanning neffens it folwoeksenenlean miskien wol útsteld wurdt oant 28 jier. Se krijt it gefoel dat it giet om it sa lang mooglik hawwen fan goedkeape arbeidskrachten. Se freget wat it belied fan it kolleezje yn dizzen is. Wat bart der mei it jild wat yn ús gemeente útsparre wurdt. Wethouder Poppen zegt dat het enige wat we kunnen doen de "besparing" voorlopig te reserveren. Het rijk heeft het steeds over bezuinigingen, er moeten ambtenaren de deur uit. De V.N.G. heeft onlangs doorgerekend dat die ambtenaren vooral bij de gemeenten de deur uit gaan. De afgelopen jaren zijn al meer dan 6.000 ambtenaren uit het ambtelijk apparaat verdwenen. Ook in onze financiële situatie zal het moeilijk zijn de formatie op het huidige niveau te houden, al is het streven daar wel op gericht. Nr. 16. Frou Faber seit dat it beslút ta reorganisaasje al earder nommen is en dat de rie de útfiering yn hannen jûn hat fan it kolleezje. No dan de meidieling dat it bern berne is. Der binne, sa hat se heard, bakken mei mûskes útdield. Mar no moat it bern noch útgroeie ta in folwoeksene. Derby binne nedich in goede begelieding en goede ôfspraken. Der moat iepen en earlik mei elkoar omgien wurde en it bern moat in stik eigen ferantwurdlikheid hawwe. Mar dêr wêr't de âlden dat binne moatte dy dat ek op harren nimme. Sy sprekt de winsk út dat der wier wat goeds út dizze reorganisaasje, dit bern, groeie sil. 0041V 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 6