-5- 6. Voorstel tot verkoop van grond te Oldeboorn. De voorzitter stelt voor de brief van autobedrijf W. van der Krieke bij de behandeling te betrekken. De hear Bethlehem seit dat de ferkeap op himsels in felisitaasje wurdich is. Hy hat lykwols noch in pear fragen. Fanwegen de doarpsfernijing is it winsklik dat Van der Krieke nei it bedriuwsterrein gean soe. Hy wit dat de wethâlder ûnderhannele hat mei Van der Krieke en hy woe graach witte hoet dat rûn is. Sil op it terrein ek echt boud wurde. It terrein soe nammentlik ek pûr geskikt wêze as opslach foar lênboumasines en dat sjocht hy leaver net barren. As der no net boud wurdt soe de beamwêl yn elts gefal wol tichter makke wurde moatte. Op it terrein dat no ferkocht wurdt is ek in parkeargelegenheid foar de sportfjilden plant. Hat it kolleezje dêr no al in oare oplossing foar fûn. Mevrouw Aukes vindt de grondverkoop op zich heel positief. Naar aanleiding van de brief van Van der Krieke heeft haar fractie echter de nodige vragen. In het kader van de dorpsvernieuwing zou het garagebedrijf Van der Krieke uit de kern van het dorp verplaatst moeten worden. De mogelijkheid daartoe is nu eigenlijk van de baan. Zij vraagt dan ook aan het college hoe men nu de toekomst voor deze bedrijfsverplaatsing ziet. Met deze transactie kan ook het plan voor een parkeerterrein daar wel worden vergeten. Zij vraagt of er ooit contact met de dorpsvernieuwingcommissie, die toch mee de plannen voor de dorpsvernieuwing heeft gemaakt, geweest is. Al met al lijkt het haar beter dat het voorstel een maand wordt aangehouden zodat alles nog eens rustig op een rijtje kan worden gezet. De hear Volberda seit dat hy der tige bliid mei is dat der wer wat foarútgong yn Boarn is. De ferkeap is neffens him folslein legaal. Hy is der net bang foar dat it terrein net beboud wurde sil, dêr kent hy de hear Weidenaar te goed foar. It is wol sneu foar Van der Krieke dat it sa run is. Wethâlder Breeuwsma seit dat hy, lykas de foarige sprekkers, bliid is mei de ferkeap. It kolleezje hie al oerwûgen it hiele stik yn'e agraryske sektor te ferkeapjen lykas foarich jier al mei in oar stik lên bard is. Dat is mei weromkeaprjocht ferkocht oan Warenga. Hy hie lykwols de hoop dat de hear Weidenaar noch wol in stik keapje woe omt dy no ek net op sa'n gaadlik plak sit. Hy begrypt de opstelling fan de hear Van der Krieke net. Doe't 3 as 4 jier lyn de LPG pomp sletten is hat hy alle war dien en der binne ek in soart tasizzingen dien troch it kolleezje, om Van der Krieke nei it bedriuwsterrein te krijen. It is neat wurden om't Van der Krieke de tasizzing hawwe woe dat hy in útrit op'e provinsjale wei woe en dat woe de provinsje perfoarst net. Letter hat der noch oerlis west om't Van der Krieke in showroom bouwe woe oan'e oare kant fan de dyk. Dat is planologysk net mooglik mar hy hat der dochs syn autos sette kind. 0041V 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 8