-6- Mar dermei wurdt ek de sizzenskip, de ynfloed fan'e gemeente te neat dien. Der wurde de eardere útgongspunten dat nutsbedriuwen in taak fan'e oerheid binne en dat de ynfloed fan dy oerheid sa grut mooglik wêze moat, ynlevere. De beslissings dy't yn'e takomst falie der is dan de gemeentlike oerheid net mear by. It minderheidsútstel seit dat sizzenskip boppe wissichheid giet. By de oerkoepeljende organisaasje sille we ien kommissaris fan de fyftjin hawwe, by de dochter ien fan de fjouwer. Troch dizze gruttere sizzenskip sille we ek ynfloed hélde op'e nije ûntwikkelingen by it opwekken fan enerzjy yn lytsskalige projekten, tink oan Dearsum. Mear ynfloed op'e ferbrûkersprizen. Yn'e takomst tinkt men oan in ynkeap fan gas foar in fêststeld bedrach en it útkeapbedrach mei seis bepaald wurde. Derby sil in ûnderskied makke wurde tusken steds- en plattelânsgemeenten. Yn it mearderheids- en minderheidsútstel binne in trije tal saken mienskiplik. Beide sprekke se har út foar gearwurking mei de N.V. Frigem, de jildlike belesting fan'e algemiene tsjinst troch it grûnbedriuw sil weinommen wurde en it restant fan'e oernamesom sil nei de algemiene reserve ta. It ferskil spitst him ta op fúzje as oername. Mei oare wurden finansjele sekerheid as ynfloed troch de oerheid op'e nutsfoarsjennings. It is wier net in maklik beslút. As jo yn in finansjeel penibele sitewaasje sitte dan lokt jild o sa. Mar as se de twa mooglikheden neistelkoar set dan komt se ta de konklúzje dat der yn beide gefallen in goede finansjele transaksje dien wurdt. By it mearderheidsútstel bliuwt struktureel in grutter bedrach oer foar de algemiene tsjinst. By fúzje wurdt it risiko nommen dat it úteinlike winstbedrach wolris leger útpakke sil mar it bedriuw wurdt net út hannen jûn. Dit útstel moat yn it foarste plak fan'e bestjoerlike kant besjoen wurde en dêrom fynt se it ûnbegryplik dat wethêlder Breeuwsma achter it mearderheidsútstel stiet en it net besjocht fanút de bestjoerlike kant nei de takomst ta. De mearderheid fan har fraksje stipet it minderheidsútstel, mei as ynfalshoek dat de ynfloed fan'e oerheid net ferbrutsen wurde moat. Se fynt it spitich dat dizze beslissing net met de hiele rie nommen wurde kin trochdat in part net fierder sjocht as it finansjele foardiel dat der op dit stuit te heljen is. De hear G. Bouma seit dat hy op 19 april lêstlyn yn'e pleit gien is foar in mienskiplike regeling boppe in N.V., krekt fanwegen it argumint fan sizzenskip en ynspraak. As der, troch omstannichheden, in oare sitewaasje ûntstean soe, sa hat hy doe sein, dan moatte we ús op'e nij beriede. Foar him is dy sitewaasje no ûntstien. Trochdat It Hearrenfean ôfheakke, binne we twongen ta in N.V.-foarm. No moat de kar makke wurde tusken fúzje as oername. In soad arguminten sa as frou Faber dy krekt neamd hat kin hy it mei iens wêze. 0042V 45

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 10