IsTp GEMEENTE BOARNSTERHIM 21. Utstel ta it fêststelling fan it budzjet 1989 foar it subsidiearjen fan wenkonsumintenorganisaasjes Oan de ried. Grou, 4 novimber 1988. Nei oanlieding fan it bepaalde yn kêst 2 fan de dielsubsydzje- oardering wenkonsumintenorganisaasjes beslút jimme ried elk jier ta it fêststellen fan it beskikbere bedrach foar it subsidiearjen fan wenkonsumintenorganisaasjes It bedrach foar 1988 is fêststeld op 17.148, Derfan is 2.840,oan subsydzje útjûn. Wat oerbliuwt kin oerhevele wurde nei 1989. Foar dat jier is (noch) gjin nij bedrach fan it ministearje ôfkommen. Op grûn fan wat hjirboppe stiet kin it bedrach foar it subsidiear jen fan wenkonsumintenorganisaasjes yn 1989 fêststeld wurde op 14.308,—. In ûntwerp-riedsbeslút leit by de riedsstikken op besjen. Boargemaster en wethêlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0042V 13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 48