-5- Dit útstel hat ek mei de normale ferfanging fan de plaknamboerden te meitsjen, dy't nei de weryndieling hyltiten nei foaren skowd is De voorzitter stelt voor tot stemming over te gaan. Na gehouden stemming blijkt het voorstel van 12-5 stemmen te zijn aangenomen. Tegen hebben gestemd de leden Aukes, Van den Bosch, S. Bouma, Volberda en Watzema. 9. Voorstel tot fusering/overdracht van het gemeentelijk gasbedrijf met/aan de N.V. Friaem. Frou Faber seit dat de rie jûn foar in wichtich beslút stiet. In beslút dat gefolgen foar de takomst en de deistige sitewaasje hat. De oanlieding is de reorganisaasje fan de enerzjydistribúsje ta gemiddeld 50.000 oanslutings. Op de skiednis hjirfan wol se net mear yngean. Wol wol se de riedsútstellen sa't dy behannele binne yn febrewaris 1987 en april 1988 by har redenearring belûke. Derby wie dúdlik dat der no in goed rinnend gasbedriuw is en dat reorganisaasje net hoechde, omt wy sa ek hiel goed oan'e útgongspunten, te witten in goede service foar in sa geunstich mooglike priis, foldwaan kinne. Mar we sille dochs in beslút ta fúzje as ferkeap nimme moatte. Wat wiene de útgongspunten dy't wy meielkoar wichtich fûnen. De rie fûn dat de nutsfoarsjenning in taak fan'e oerheid is, c.q. de gemeentel ike oerheid. Dit útgongspunt fynt se yn it útstel net werom. Ynbring yn it bestjoer moat sa grut mooglik wêze en it leafst dan yn in mienskiplike regeling. De selsstannichheid moast sa folie mooglik behâlde wurden. In nutsfoarsjenning moat ticht by de gebrukers stean, de service oan'e klanten moat sa grut mooglik wêze en de besteande wurkgelegenheid moat hanthavene wurde. Dat is it hiele rychje dat yn 1987 en 1988 oan'e oarder west hat. Yn dit stik wurdt útsteld gear te wurkjen mei de N.V. Frigem. De N.V. Frigem wurdt dan de mem en it bedriuw súd-east en noard-west Fryslân wurde de twa selsstannige regio-dochter- bedriuwen. Der wurdt keazen foar in N.V.-foarm en sjoen de omstannichheden en de foarskiednis is dit in goed útstel. Derby sille ús útgongspunten sa goed mooglik ta harren rjocht komme. Ferlike mei de hjoeddeiske sitewaasje feroaret der net sa hiel folie. It dochterbedriuw bliuwt sa selsstannich mooglik. Weststelling werf wurdt taheakke en foaral op it finansjele mêd is dat in wichtich beslút om gjin minging te krijen mei oare bedriuwen. Spitigernôch leit der no in mearderheid- en in minderheidsútstel De mearderheid hat oan har stânpunt fan oername taheakke it argumint fan in lykwichtich finansjeel belied om ús finansjele posysje te ferbetterjen. Winstútkearing, sa wurdt steld, is in úneigentlik ûnderdiel fan'e begrutting. Spylje op wissichheid en ferkeapje it bedriuw seit de mearderheid. 0042V 44

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 9