- 7 - Dat is noch net £eroare sjoen ûnder oare it tal oanfragen. By de behanneling fan it riedsútstel is doetiids frege safolle mooglik bekendheid te jaan oan'e regeling. De ynformaasjestream nei de rie ta, sa konstatearret hy, is net sa grut. Hy wol it kolleezje yn omtinken jaan om nochris nei te gean hoe't it alleagearre sa rinne kind hat. Mooglik kin der kritysk nei sjoen wurde sadat we dochs wat mei it jild dwaan kinne. De hear Van der Baan is it hjir alhiel mei iens. Wethâlder Breeuwsma seit dat it eins net in goede wize fan wurkjen is as de pot hyltiten mar grutter wurdt. Der is wolris oer praten om yn plakken dêr't beskerme doarpsgesichten binne it jild te brûken. Mar dan mei de gemeente gjin partisipant wêze. It soe dus in soarte fan selsstannich wurkferbân wêze moatte dêr't de gemeente net direkt belutsene is. De hear Nieuwdam seit dat de regeling in beheindheid yn him hat. Hy soe ris mei oare gemeenten om'e tafel wolle om oer de problemen fan dy beheindheid te praten sadat dy miskien opheven wurde kinne. De hear Bethlehem freget hoe't de wethalder de gearwurking mei de gemeente sjocht as der aanst noch mear kommisjes doarpsfernijing komme soene. Hy tinkt dat it fan it grutste belang is dat in kommisje doarpsfernijing, lykas no yn Aldeboarn, goede kontakten mei de gemeente hat. Wethalder Breeuwsma wol wol by oare gemeenten der nei fernimme hoe't men dêr wurket. As de bining losser wêze soe, dan betsjut dat der gjin amtners as bestjoerders lid binne fan'e doarpsfernijingskommisje. Dan kin de kommisje in subsydzje krije, oars net. Hjirnei wurdt sûnder persoanlike stimming neffens de útstellen 19, 20 en 21 besletten. 22Voorstel tot het nemen van een voorbereidinasbesluit op arond van de Wet op de Ruimtelijke Ordening. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 23Voorstel tot het nemen van een voorbereidinasbesluit als bedoeld in artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening. Idem. 24. Voorstel tot het vaststellen van "de structuurschets Meinga" te Grouw. Idem. De voorzitter schorst om 20.50 uur de vergadering voor een korte pauze. De voorzitter heropent om 21.10 uur de vergadering en stelt aan de orde agendapunt: 0050V 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 13