- 8 - 25. Voorsteltotwi-iziqincrvanhetverdelingsbesluit dorpsvernieuwing 1988. De hear Nieuwdam seit dat it tsjintwurdich wenst is dat nei de gemeentebegrutting in saneamde foarjiersnota behannele wurdt. De leste jierren is dat ek sa by de doarpsfernijing. Earst de ferdieling en dêrnei in werferdieling. We moatte ús miskien ris ôffreegje wat de oarsaken binne fan dy werferdieling. Komt it omt de rûzingen oan'e romme kant binne of binne it allegearre tafalstreffers. Hy freget yn elts gefal takom jier wat eksakter te wurkjen sadat der in dúdliker en lykwichtiger ferdielingsbeslút komt. Oangeande de walkanten yn Aldeboarn freget hy hoe grut it bedrach is dat fan'e provinsje tasein is. Oer de brêge yn Terherne is al wiidweidich praat. Der wurdt nochal wat frege fan fan sawol de bewenners as ek fan'e rie as der net mear barre kin as wat no yn it útstel stiet. It is spitich dat it sa rint mar de finansjele middels litte gjin oare kar. Syn fraksje hopet dat it in foarriedige oplossing is en dat it by it ôfwikkeljen fan it TRAP nochris wer op it aljemint komt. As tredde de riolearing yn Jirnsum. Hy soe noch wolris diskussiearje wolle oer de doelstelling fan'e doarpsvernijing. De fraach kin nammentlik stelt wurde oft it oanlizzen fan in brêge yn Terherne as it ferfangen fan'e riolearing yn Jirnsum no doarpsfernijing of iepenbiere wurken is. Syn fraksje is fan miening dat de riolearing yn Jirnsum oan'e iene kant in goede saak wêze sil. Oan'e oare kant is syn fraksje net ree om it bedrach dat dêr foar nedich is út'e doelreserve oer te bringen nei de pot doarpsferni jing. Hy stelt út de finansjele konsekwinsjes fan'e ferkearsproblematyk yn Jirnsum ynklusief de doarpsfernijing yn syn gehiel yn'e rie oan'e oarder stellen en dêr dan in finansjele dekking by te jaan. As de riolearing earder útfierd wurde moat dan moat ek dêrfoar in riedsútstel mei de finansjele dekking yn'e rie behannele wurde. De hear Van der Baan is it yn grutte halen wol iens mei wat de hear Nieuwdam sein hat. Der wurdt hiel wat ferskood en hy hat de yndruk dat dat net altiten lokkich is. Benammen wat de doarpsfernijing yn Jirnsum oanbelanget. Hy begrypt net hokfoar argumint jilde kin om sichtber te meitsjen wat we foar Jirnsum dogge. Hy fynt it in gefaarlike operaasje om in bestimmings- reserve oer te bringen nei in oare pot. Hy is ek fan betinken dat de no fûne oplossing foar Terherne net in léste oplossing wêze moat. Der moat in brêge mei boppebou komme en no moat de prioriteit dêrfan al fêstlein wurde. Wat it Halbertsmaplein oanbelanget liket it op in sang sûnder ein. Wêrom moat dat allegear sa lang duorje, sa freget hy. Wethalder Breeuwsma seit dat yndied wol sprake is fan tafalstreffers, want as der echt belied makke wurde kin binne der yn elts gefal foldwaande finansjele middels foar nedich. En dêr leit it him krekt oan. Trochdat troch omstannichheden middels fan oare oerheden frijkomme kinne der dochs hiel wichtige saken oppakt wurde. 0050V 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 14