w GEMEENTE BOARNSTERHIM 21. Utstel ta it oanbringen fan in ferhurding op it paad fan Friens nei Jirnsum. Oan de gemeenteried Grou, 9 desimber 1988 Fan Friens nei Jirnsum rint in paad dat al ieuwen âld is. It is út lânskiplik en natoerhistoarysk eachpunt in elemint fan grutte wearde. Oan de Frienzerkant wurdt it oer in ôfstân fan goed fiifhûndert meter brûkt as tagongswei nei de greiden en oan 'e Jirn- sumerkant is it oer in lytse trije hundert meter yn gebrûk as wetterkearing. Benammen yn 'e simmer wurdt it paad gauris brûkt as rekreatyf fytspaad en kuierpaad. It dykslichem is yn eigendom, behear en ûnderhâld by de gemeente Boarnsterhim. Foar in part is it paad net ôffrede fan de greide. Yn it ferline hat dat wolris swierrichheden jün mei it tichtdwaan fan hikken en útbrekken fan fee. Wy binne fan betinken dat foar dizze tûkelteammen in goede oplossing fûn wurde moat en dat it paad as ferbining tusken Friens en Jirnsum bestean bliuwe moat en dat tagelyk it paad ek fan in ferhurding fersjoen wurde moat. Foar jim leit in plan dat fersjocht yn it meitsjen fan in ferhurding op it paad yn 'e foarm fan skulpen op slakken foar it súdlike stik en it meitsjen fan in betonferhurding op it noardlike stik, der't it paad ek as tagongswei nei de greide brûkt wurdt. It earstneamde stik kriget in breedte fan 1% m en it lêstneamde in breedte fan 3 m. By it hiele paad lans sil de beplanting opknapt wurde. De kosten fan it hiele plan wurde rûsd op 198.000,werfan 132.000,foar it fytspaad en 65.880,foar de ferbreding nei 3 ml foar it agraryske gebrûk. Sa't bliken docht út de stikken dy't op bes jen lizze, kin troch ûnderskate subsydzjes, bydragen fan tredden en in eigen bydrage fan 35.810,út it Doarpsfernijingsfûns genôch jild byinoar fandele wurde om it plan útfiere te kinnen. Wy stelle jim dan ek út om ta útfiering fan it plan in kredyt beskikber te stellen fan 198.000,en it eigen part fan 35.810,te heljen út de eigen bydrage fan it Doarpsfernijingsfûns. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0043V 91

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 50