<r GEMEENTE BOARNSTERHIM 27. Utstel om in beswierskrift oan- geande ôfwizing fersyk om stúdzje- kostefergoeding grûndearre te fer- klearjen. Oan de ried Grou, 9 desimber 1988 Yn ús gearkomste fan 31 maaie fan dit jier hawwe wy besluten om in fersyk om fergoeding fan de kosten fan in typekursus of te wizen. De reden der fan wie, dat pas yn'e rin fan de kursus it fersyk yn- tsjinne is (7 april 1988). Yn'e regel wurdt it eksamen yn maaie/juny Sfnommen, sadat it kursusjier bast ôfrun wie. Yn begjinsel steane wy op it stânpunt dat in fergoeding efternei net past. Mei om dy reden wiene wy dan ek fan betinken dat it fersyk om in stúdzjekostefergoe- ding ôfwiisd wurde moast. Tsjin dat beslút is op grûn fan it reglemint stúdzjefûns by de ge- meenteried berop oantekene. It advys fan de kommisje berop- en beswierskriften is om it beswierskrift grûndearre te ferklearjen en noch in bydrage te jaan yn de stúdzjekosten. It advys fan de kommisje is oan dit útstel taheakke. De kommisje is fan oardiel dat it fersyk ôfwiisd is op grûn fan in reden dy't net as sadanich opnommen is yn it reglemint Stúdzjefûns Boarnsterhim. Dat wolle wy net ûntkenne, netstjinsteande binne wy fan betinken dat yn begjinsel in fersyk foardat mei de kursus útein- setten wurdt, oanfrege wurde moat. De needsaak om in bydrage te ferlienen is efterôf slim fêst te stellen. Dat sa'n bepaling net opnommen is yn it reglemint stúdzjefûns wie eins in hiaat yn'e besteande regeling. It reglemint is yntusken hjirop oanpast. Wy wolle betrokkene hjir lykwols it foardiel fan it hiaat net ûnthâlde en stelle jim ried dêrom út om it advys fan de kommisje berop- en beswierskriften te folgjen, it beswierskrift oangeande Sfwizing fersyk om stúdzjekostefergoeding grûndearre te ferklearjen en noch in bydrage te ferlienen foar in typekursus. Boargemaster en wethalders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0043V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 57