- 13 - Dêrnjonken stiet noch in oare faktor. Yn de begrutting stean posten as besunigings oanjûn dy't net útfierd binne en dêr't wy oan twivelje dat dy ea útfierd wurde kinne. Wy doele dan op de privatisearring fan de pont. Dan wurde der saken weilitten dy't wol opnommen wurde moatte soene. It ûnderhâld fan de wegen kin wol foar in grut part weilitten wurde, mar aanst komt soks yn ferdûbele sifers op ús ta. Boppedat sille wy rekken hâlde moatte mei de tekoarten fan de Stichting Waterrekreaasje Terherne dy't nei alle gedachten yn it kommende jier op ús ôf komme sille. Soks jout openij twivel oan de realistyske wearde-ynskatting fan dizze begrutting. Oer ien ding sille wy it gau iens wêze. In lêstenferswierring is net te foaren te kommen. Lykwols sil dy sa beheind mooglik bliuwe moatte. Yn it finânsjele part wurdt útsteld om de algemiene reserves dy't ta nul redusearre binne op te bouwen út ûnder oaren de bestimmingsreserves. Wy keare ús der yn it algemien tsjin foar- sitter, omdat soks de betrouberens fan de oerheid nei syn ynwen- ners skeint. As bestimmingsreserves ferwachtings oproppen ha by de mienskip dan kin soks net samar yn ien haal trochkrast wurde. At soks al barre soe dan kin soks yn ús eagen allinne mar as der mei de pleatslike mienskip praat wurdt en dêroer oerienstimming fûn wurdt. It is ûnfrysk om dingen dy't jo tasizze net nei te kommen Wy achtsje it fan belang dat de saneamde wite gebieden harren gasoanslutings krije. No't wy noch it ien en oar te sizzen ha oer de winsten fan it gasbedriuw soene wy wolle dat it eigen belied datoangeande stâl krijt en der reserves foarme wurde om yn'e heine takomst dy gebieten oan te sluten. Ek yn de kommende tiid bliuwt it grûnbedriuw in bongel oan'e poat. De tekoarten binne yn feite grutter as de sifers oanjowe, omdat de bestimmingsplannen feitliken út it grûnbedriuw betelle wurde moatte. No bart dat út de doarpsfernijingspot wat yn wezen net tastien is. De saneamde konservearjende bestimmingsplannen falie der fansels net ûnder en dy ha ik dan ek net op it each. Wy bliuwe der lyk wols by dat de eksploitaasje-opset fan de plannen sadanich wêze moat dat der gjin jild ekstra by hoecht. De tekoarten foarút skowe nei folgjende fasen lykas yn Meinga hat ús segen net. De reorganisaasje bringt hiel wat teweech en wy binne dan ek benijd hoe't it stelsel fan delegaasje en mandaat wurkje sil. De raamnota personielsbelied en it ynformaasjeplan wachtsje wy nijsgjirrich óf mar sizze openij wer dat in ekstern buro need- saaklik is om bestjoerlik en amtlik de saken goed op elkoar of te stimmen. It betel jen fan kof je jild hat ûnder it personiel hiel wat te weech brocht. In op it each lytse yngreep is foar de sfeer soms fan it grutste gewicht. It liket ús ta dat it kolleezje dat net sa goed ynskat hat en dat der dêrom nochris goed neigien wurde moat hoe't dy ûnfrede fuortwurke wurde kin. 0052V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 15